Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 datasets found
Dutch Keywords: geluid Place of Narration: Houtigehage
Dêr't âlde Jille Pultrum wenne, wenne earder syn heit Durk. Dy lei op in nacht op bêd, doe hearde er planken ratteljen. In healjier letter troude Bareld Pultrum, in broer fan Durk. Doe moesten se hout leegje yn 'e nacht. Doe hearde Durk krekt itselde lûd wer, mar nou wie 't werklikheit. Doe kom Bareld Pultrum dêr to wenjen. Dêr bouden se in hûs foar.
nl.verhalenbank.23724
Yn 'e Janke-dobbe, yn 'e Houtigehage, is froeger in frommes mei in bern forsûpt. Guon hearre altyd noch it lûd fan Janke jouns yn 'e dobbe, as se dêr lâns komme.
nl.verhalenbank.23587
Doe't ús heit al min wie, hearden wy by ús op in nacht timmerjen en weibrekken fan planken. Mar der wie neat to sjen. Wy wennen yn in foech krot, dat doe't ús heit der ôf rekke, sa'n fjirtsjin dagen letter, koenen se de kiste net yn 'e hûs krije. Doe moesten der planken útbrutsen wurde. Dat wie itselde lûd dat wy in fjirtsjin dagen fan tofoaren dy nachts...
nl.verhalenbank.19586
Us Trui-moai wenne yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema. 't Wie op in nacht. Trui-moai lei yn 't iene bêdsté en Jehannes (Jager) yn 't oare. Truimoai sei: "Hwat is dat, Jehannes?" Jehannes sei: "Ik wyt net." Trui-moai en Jehannes hearden beide dúdlik tikjen op 'e souder. Jehannes woarde deabinaud en kroep by syn mem op bêd. It gong mar troch mei tikjen en dat...
nl.verhalenbank.23988
Wy wennen froeger yn Boelensloane. Us mem hearde dêr faek timmerjen yn 'e nacht. Dan sei se: "It wurde hjir skielk allegearre huzen." En dat is ek neikom.
nl.verhalenbank.28038
Ik haw oan matteweven dien. Jouns, as 't iten dien wie, die ik in bout yn 'e kop fan 't mattetastel. Der sette ik him stiif mei. Dan hearde ik nachts de slaggerboom en de triedden ratteljen. As ik him los liet, hearde ik it net.
nl.verhalenbank.37681
Yn Drachtster Kompenije by de feart wenne in boer. Dat wie ien fan 'e Klaes Tyssingsmanlju. Hy hie in greate rige fé. Hoefolle feinten as dêr wol net west wienen dat stuts neat net nau. Dêr woe noait ien bliuwe, hwant it doogde dêr net. Doe kom dêr ris in feintsje, dat wie lytse Albert (= A. Scholte). Dy wie net sa mak. De earste joun hie de boer al tsjin...
nl.verhalenbank.23568
Ik haw us praet mei in man út Wynskoat, dat wie in scheepklinker, dy fortelde my, hy wie op in skip en dêr woarde nachts klonken. It wie sa dúdlik to hearren. Mar doe't se seagen wie der neat to dwaen. De oare deis waerd der echt klonken. 't Wie foartjirmerij.
nl.verhalenbank.23827
Yn 'e Harkema ha guon in stem út 'e Liuwe-poel roppen heard: Help! De hiting is, dat dêr noch ien yn fordrinke mat.
nl.verhalenbank.25878
Yn 'e Jan Brants dobbe, dêr hearden se faek in stem yn fan in bern dat raesde. Der wurdt ornearre dat dêr altyd nochris ien yn fordrinke sil.
nl.verhalenbank.23831
Yn 'e Blaudobbe to Houtigehage ha se rare geluten heard. Dat kin wol foartjirmerij west ha. Hwant letter, op in moarn om in ûre of tsien hinne, wie dêr us in hiel geraes. Ik en myn buorfrou setten der op ta. Doe hie de soan fan 'e boer (Stienstra) himsels ophong. (Twa jier tofoaren, op deselde dei, hie de dochter har de hals útsnien.) Dat kinne dy lûden...
nl.verhalenbank.25879
Myn skoanheit dat wie de bikende spylman Pije Rasp. Hy wenne mei syn frou meastal yn in woanwein. Dy stie faek yn 'e buert fan 'e Pipe to Drachten. Skoanmem hat faek forteld, dat se dêr gauris klopjen heard hie yn 'e nacht. Dan sei se: "'t Wurde hjir skielk allegear huzen by de Pipe-brêge." En dat is ek útkom.
nl.verhalenbank.29411
Myn man - Gjert van Slooten - hie op in snein-to-joun nei my ta west, doe't wy noch forkearing hienen. Wy wennen op 'e Tike. Doe't er werom gong en oer 't Tike-Brechje soe sei der ynienen ien hiel lûd njonken him: "Kei!" En hy hat noait ien sjoen! Der wie net ien. Hoe koe dat nou?
nl.verhalenbank.29417
35