Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
132 datasets found
Dutch Keywords: geluid nacht
Us heit kom op in nacht thús, doe hearde er skoan dat se allegear oan it braekjen wienen. Teake syn slach koe hy der skoan út. En dochs leinen wy allegearre op bêd.
nl.verhalenbank.15526
Op de Harste stiet in hûs: It earrebarrenêst. Dêr hearden se froeger alle nachten de tsjerne gean. En dochs wie der neat.
nl.verhalenbank.25630
Myn swager syn heit is nou sahwat in fjirtich jier dea. Hy fortelde, hy hie us op in nacht om in ûre of alve ûnderweis west mei de wein. Hy ried op Grinzer Pein yn, dêr't er wenne. Hy wie op 'e Noardwikumerheide, yn 'e buert fan Noardwyk en Mearum. Dêr hearde er hwat sûzjen. Hy draeide him om op 'e wein en hy seach achter him. Mar der wie neat to sjen....
nl.verhalenbank.25552
Myn beppe dy wenne op 'e Tike. Dy sei: "It is noait liker as slagge se altyd mar op izer om, krekt as rollet it iene izer oer 't oare hinne." Hja hearde it nachts op bêd. "Toe Teade," sei se dan tsjin pake, "hear dû ek us." Mar pake dy hearde it net. Letter is de tram dêr lâns kom. Dy hie krekt itselde lûd as dat hja heard hie.
nl.verhalenbank.21090
Dêr't nou de Betonwei is yn 'e Harkema, dêr ha wy froeger wenne, tsjin it hûs oer dêr't Ate Stoarm wennet. Soms hearden wy dat der by ús yn 'e nacht flaechs nei de souder droegen woarde. Dan gong 't even letter wer op in braekjen.
nl.verhalenbank.28077
Alde Bearn wenne yn Driemunt. Dy sei us op in moarn: "Ik ha de hiele nacht net slept." Hy sei tsjin ús: "Hwat wie't dêr allegear in leven en hwat in ljocht allegear. 't Gong de hiele nacht troch." Dat wie op it plak, dêr't nou de rykswei is. Dat hat hy fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.26066
Jan Veenstra kom us troch Koatstertille op in nacht ± jier lyn. Doe't er sahwat by de brêge wie, hearde er skean achter him in lawaei fan stienladen en timmerjen en smiten mei ark en doch wie der neat to sjen. Koarte tiid dêrnei ha se dêr de konstruksjefabryk delset.
nl.verhalenbank.17720
Op ‘Eeskwerd’ wie wol nachts geklop en fremde lûden, foaral yn 'e foarkeamer. Op in kear wie Idske Sysling by ús útfanhûs. Wy soene de oare deis nei it ‘festival’ yn Oranjewâld. Om tolve ure hinne, grypte se my by de linkerearm en rôp: “Hwat is dat?” Ik sei heit nei:“Dat binne de mosken yn 'e klimop en de wyn, dy gûlt troch de sinneblinen.” Mar it kloppe...
nl.verhalenbank.50523
Dêr't âlde Jille Pultrum wenne, wenne earder syn heit Durk. Dy lei op in nacht op bêd, doe hearde er planken ratteljen. In healjier letter troude Bareld Pultrum, in broer fan Durk. Doe moesten se hout leegje yn 'e nacht. Doe hearde Durk krekt itselde lûd wer, mar nou wie 't werklikheit. Doe kom Bareld Pultrum dêr to wenjen. Dêr bouden se in hûs foar.
nl.verhalenbank.23724
Jan Tuinstra, hjir to Ikkerwâld, hearde op in nacht iderkear timmerjen. In wike letter woarde der by him achterhûs in great hok delset.
nl.verhalenbank.23068
Even foar de oarloch fan '14 op '18 wienen myn broer Harm en Bjinse en Jan Sikkes Sjoerd mei har trijen oan 't kuijerjen yn Moarmwâld yn 'e nacht tusken alve en toalve. Doe wie der in klok bigoun to lieden. Sy seinen: "Hwat is dat?" It duorre net lang, doe letten de klokken oeral. Yn Ikkerwâld, yn Moarwâld, yn De Geast, 't wienen allegear klokken dy't...
nl.verhalenbank.27434
Us heit fortelde, der hie op 'e Tike in minske wenne, dy hie by har libben bigeard, as se ienkear dea wie, dan woe se mei in wyt-mûtse op yn 'e kiste lizze. Har folk hie har dat biloofd, mar der letter noait wer om tocht. Hja woarde sûnder wyt-mûtse op biïerdige. Mar in dei of hwat letter, doe't de lju al op bêd leinen, woarde der by harren kloppe. Doe't...
nl.verhalenbank.21093
Soms hearde men yn 'e nacht timmerjen by de timmerman. Dan kaem der gau wer in sterfgefal. Hwant der waerd oan in deadskiste timmere.
nl.verhalenbank.20819
Doe't ik noch yn 'e hûs wie - wy wennen oan 'e Grinslânse wei ûnder Surhústerfean - sei ús mem op in moarn: "Ik ha fannacht de hammers slaen heard op 'e spanten en houten. Hjir kin wol us in nij hûs komme." Dat is ek gebeurd.
nl.verhalenbank.20951
Us mem en dy wennen yn Feanwâlden op 'e Finnen, neist de helling fan Wageningen. Op in nacht hearde mem timmerjen en slaen om 't leven op 'e helling. Mem wie widdou en tocht: hwat mei hjir gebeure. Hja gong der út om to sjen hwat der to rêdden wie. Mar der wie neat to rêdden. Hja sei tsjin ús: Hwat dit hjir is, dat snap ik net. Dat slacht en hout hjir om...
nl.verhalenbank.36474
Wy wennen froeger yn it húske, dat nou krekt ôfbrutsen is. It stie by de brêge, tusken Stiensgea en de Hamster Pein yn. Hwat yn 'e lichte. Dêr bin 'k geboaren en dêr ha 'k oan 1903 ta wenne. Wy hienen dêr in stuoltsjeklok. Wy slepten yn bêdsteden. Yn 't iene slepten heit en mem en ik slepte mei in pear bruorren yn 't oare. Der slepten ek noch guon achter....
nl.verhalenbank.21849
Heit en mem wennen yn 'e Houtigehage, sahwat krekt op 'e grins fan Boelensloane. Op in moarn sei mem tsjin heit: "Der woarde fannacht sa timmere en mei planken smiten hjir op 'e heide, ik ha der net fan sliepe kind. Hjir komt grif in nij hûs." In jier letter stie dat hûs dêr.
nl.verhalenbank.28312
As wy nachts hearden dat it op in flaechsbraken gong, koe men der mar fan op oan dat it de oare deis gebeurde.
nl.verhalenbank.26049
By ús heit en dy hearden se earen, as se braekje soenen, fan tofoaren de lûden fan 'e brake al.
nl.verhalenbank.32955
Jan Goaitsens Nicolaï boude in nij hok. Dat wie noch net ôfdien. Doe hearden se dúdlik yn 'e nacht dat der mei dikke balken smiten woarde, nei ûnderen ta. Dit kom krekt sa nei letter, doe't it hok ôfmakke woarde.
nl.verhalenbank.16821
35