Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
42 datasets found
Dutch Keywords: geld leeg
De frijmetselers dy ha har oan 'e duvel forkocht. Dêr krije se jild foar yn 't plak. As it op is hingje se de lege jildponge oan 'e doar. De oare deis is er wer fol.
nl.verhalenbank.33866
Piter hie in wiif, dat wie in tsjoenster. Nachts wie se der op út, dan lei de pânse allinne op bêd. Piter sels hie him oan 'e duvel forkocht. As er forlet fan jild hie, dan hong er in lege jildponge bûten oan 'e kruk fan 'e doar. Dat die er jouns. De oare moarns siet der jild yn.
nl.verhalenbank.25431
Stammerige Harm wie oan 'e duvel forkocht. Hy hie in wikseldaelder. Harm hie in âld lears yn 'e skuorre to hingjen. Dy lears dêr wie de boom út. De duvel smiet it jild yn 'e lears en dat kom allegear yn 'e skuorre tolânne. Trochdat de lears noait fol rekke hie Harm sa'n jild.
nl.verhalenbank.23901
Frijmitselers ha in forboun mei de duvel. Hja ha har oan 'e duvel forkocht. As se gjin sinten mear ha hingje se foar de nacht in lege jildponge oan 'e doar. De oare deis is dy dan fol jild.
nl.verhalenbank.36854
Durk Laurens kom de kant út wei fan 'e Boelensloane of sa. Dy mocht graech in buorreltsje. Hy fortelde, hy hie 't ris meimakke dat der in man yn 'e kroech kom, dat wie in sekere Harm. "Jow my in buorrel, kastlein", hied er sein. "Mast earst net ris bitelje?" hie de kastlein sein. "Hjir stiet in hege rekken fan dy." "Gjin gesoaijeflikker," hie Harm sein,...
nl.verhalenbank.24266
Piter Wouters wenne yn 'e Broek. 't Wie dêr allegearre jild by him. Hy wie frijmitselder. As er forlet fan jild hie, seinen se, hong er it ponkje oan 'e doar.
nl.verhalenbank.22006
Der binne minsken, dy ha in kontrakt mei de duvel sluten. Dy hingje jouns in lege ponge oan 'e leuning fan 'e brêge en dy ponge sit dan de oare moarns fol jild.
nl.verhalenbank.21122
Yn 'e Burgumerheide wenne in mantsje mei in hiel brike romp. Dyselde krige altyd jild fan 'e frijmitselders. Hy hie dan foar de nacht in lege ponge oan 'e doar hingjen. De oare moarns siet der jild yn. Hy hie him oan 'e frijmitselers forkocht, omt er sa'n raer bistek hie. Doe't er stoar hat de duvel him ophelle. Sy ha him doe útelkoar snien. De...
nl.verhalenbank.20273
Guon dy't in helm ha, wurdt der sein binne kûgelfrij. Ik haw ek wol heard dat it skip fan in skipper, dy't in helm hat, noait forgiet. Frijmitselders binne ek kûgelfrij, wurdt der biweard. Sy ha altyd sinten, dat komt, sy ha in wikseldaelder. Dy rekket noait op. As se jild brûke matte hingje se jouns in lege ponge bûten oan 'e kruk fan 'e doar. De oare...
nl.verhalenbank.24214
Frijmetselers binne kûgelfrij. Hja binne foar altyd oan 'e duvel forkocht. Dy krijt letter har siele, as se dea binne. Hja sitte altyd oan 'e duvel fêst. Ienkear frijmetseler, altyd frijmetseler. Hja krije in wikseldaelder fan 'e duvel. Is it sa dat se mear jild brûke matte, dan hingje se jouns in lege ponge oan 'e kruk fan 'e doar. De oare moarns is dy...
nl.verhalenbank.29724
Myn pake, greate Ale fan Boalsert, fortelde my: Yn myn jonkheit hat âlde Brecht fan ‘e Lytse Kampen it my sels ris in kear forteld. It wie in pûr bêst minske en tige bitrouber as hja op ‘e tekst kaem oer har buorwyfkes Jelke’ IJmkje en Janne’ Bet. Hja wiene doe noch jong en wennen nêst inoar. De hûzen stiene apart, mar de reinwettersbak brûkten hja...
nl.verhalenbank.50543
Piters Willemke wie in tsjoenster. As dy forlet hie fan jild, dan hong se jouns in lege ponge oan 'e doar en de oare deis siet dy fol jild.
nl.verhalenbank.30089
Dat het zaak was de kabouters niet tot vijand te maken, ondervond een boer te Son, die "goed daarheen boerde" gelijk men dat pleegt te zeggen van iemand wiens zaken goed gaan. Op een avond bij het naar bed gaan, hoort de man op den trap een gezucht als van iemand, die een zwaren last heeft te torschen gehad en eens even naar hartelust adem schept. De boer...
nl.verhalenbank.13495
Frijmetselers binne oan 'e duvel forkocht. Hja ha in forboun mei de duvel sluten. Om 'e sawn jier mat ien fan 'e frijmetselders dea. Der wurdt om lotte hwa't dat wêze sil. Dy't it lot treft, wurdt fan kant makke. Hja ha altyd wol jild. As it op is, hingje se foar de nacht in lege ponge bûten oan 'e kruk fan 'e doar. De oare moarns is er fol jild. Dy't...
nl.verhalenbank.29682
Frijmitselers binne kûgelfrij. Hja forflokke alles, as hja frijmitselers wurde. Hja forkeapje harsels oan 'e duvel. Trochdat se in wikseldaelder ha, ha se noait gebrek oan jild. Hja hingje de lege ponge op, dy't de duvel wer fol makket.
nl.verhalenbank.29481
Frijmitselers timmeren altyd oan 't hûs om. Sy makken it noait ôf. Hja hienen in forboun mei de duvel. Om 'e sawn jier moest der ien dea. Dy wie dan foar de duvel. Hja lotten der om hwa't dea moest. Fan jild hienen se noait forlet. Hja hongen de lege ponge jouns mar op, dan wie er de oare deis wer fol.
nl.verhalenbank.36589
Frijmitselers ha in forboun mei de duvel sluten, dat se mei har eigen bloed ûndertekenje. Wolle jo der by wei, dan matte jo wer jou eigen hantekening mei bloed sette, mar binne jo der út, dan binne jo ek dea. Bihalve as jo se forifelje en jo sette de hantekening mei it bloed fan in geit of sa. As jo jou namme set ha, matte jo der achterstofoar út gean....
nl.verhalenbank.24829
Frijmitselers wienen fan 'e duvel. Se binne noait sûnder sinten. As se forlet fan jild ha hingje se op 'e telle in lege ponge op en dy is dan de oare deis wer fol jild.
nl.verhalenbank.33617
Frijmitselers binne oan 'e duvel forkocht. Sy hingje jouns de lege pong oan 'e klink fan 'e doar, en moarns sit er fol jild. Sadwaende ha se noait forlet fan jild. Der mat om 'e safolle jier ien fan dea. Dy't it dan mar treft. Jy kinne der net wer by wei.
nl.verhalenbank.23564
Frijmitselers hawwe har oan 'e duvel forkocht. Sy kinne jild krije safolle se mar ha wolle. Mar har siele binne se kwyt. Dy hat de duvel fan har kocht. Jitse de Vries fan Ikkerwâld wie frijmitseler. Dy hie in winkel. Hy [koe] krije hwat er mar ha woe. Hwer kommen dy sinten wei? Der woarde sein, as er wer jild ha moest hong er jouns in lege ponge oan 'e...
nl.verhalenbank.33211
35