Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Dutch Keywords: geest Place of Narration: Sumar
Diuwke by Nacht spûke nei har dea yn Garyp fan 'e buorren nei Sumar. Der binne genôch dy't har sjoen ha. Dit is wrachtich wier.
nl.verhalenbank.32481
Yn Droegeham wennen in pear âlde minsken, dy hienen nachts brandewyn op 'e holle. Dan hienen de kweade geasten gjin fet op har.
nl.verhalenbank.21183
Ik haw us op in moarne bitiid oan 'e Lytse wei by de Harkema âlde Wypke sjoen. Sy hie in Ingelsk learen skelk foar. Doe wie se al in pear jier lyn formoarde.
nl.verhalenbank.20222
Paulus en Klas wennen yn 'e Sumarrebuorren. Paulus liet in pear skuon nei mei sulveren gaspen. Foar syn dea liet er Klas bilove, dy mochten net forkocht wurde. Mar Klas rekke sa yn 'e earmoede, dat hja die it al. Doe oppenearre Paulus him letter hyltyd. Klas hat der doe foar soarge dat de skuon der wer kamen.
nl.verhalenbank.21369
Lytse Wibe (Wibe Paulusma fan Sumar) wie fisker op 'e Burgumer Mar. Op in joun, doe wied er sahwat by Winterswyk (by de B.mar) kaem syn mem samar ynienen by him yn 'e skou. Doe wie hja al lang dea. Wibe doarst letter net wer nei de mar ta to fiskjen.
nl.verhalenbank.21368
Yn Aldegea is 't gebeurd, dat der in man kom to forstjerren en se hienen him it leedguod net meijown, dêr't er rjocht op hie. Hy kom hyltyd werom en dan tikke er op 'e ruten. Doe ha dy lju de doomny der by helle. Dy joech de rie, sy moesten it guod mar op in joun njonken 't hûs dellizze. Dat ha se doe dien: in himd, in lekken, in kessensloopke en in lange...
nl.verhalenbank.21189
6