Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
15 datasets found
Dutch Keywords: geboren Place of Narration: Harkema
Alde Willem Bos fan 'e Harkema wie mei de helm geboaren. Dy moest altyd alles sjen. Nachts moest hy der út. Dan bleau er op 't eigen hiem stean. Dêr seach er de bigraffenis passearen. Hy hat de bigraffenis fan myn mem sa ek fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.25778
Tsjerke Iebeltsje koe knoffelbân bine. Hja die it foar twa of trije sinten. Hie men de pols of it ankel forknoffele, dan die hja dêr trije triedden omhinne. Dan preuvele se hwat en bitaestte de pols of it ankel. Men moest op snein geboaren wêze om it to kinnen.
nl.verhalenbank.23678
Minsken mei de helm geboaren binne kûgelfrij.
nl.verhalenbank.16830
Hjir yn 'e Harkema wennen froeger guon dy koenen altyd krekt fantofoaren fortelle as der wer ien stjerre soe. Dy seagen de bigraffenis al fan tofoaren. Sokken wienen mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.29342
Alde Rapke Wijma fan Surhuzum wie mei de helm geboaren. Dy moest alles sjen, oan 'e lêste ûre fan syn libben ta. De lêste nacht noch, - doe koed er op syn fuotten net mear stean - is er út bêd weiklaud om hwat to sjen. Yn 'e gong is er yn elkoar sakke. Hy makke soms hiele reizen yn 'e nacht, wolris oan Eastemar ta. Rounom gong er hinne. En 't kom altyd...
nl.verhalenbank.23521
Us mem wie kreamheinster. As der in bern geboaren woarde mei in flues oer de holle, dan luts se dat der foaroer ôf. Die se it achteroer, dan moest dat bern letter alles sjen. Se seinen wol, dat de dokters graech sa'n helm ha woenen en dat se djûr wienen.
nl.verhalenbank.23522
Der binne bern dy wurde geboaren mei in flues om 'e holle. Sokken, seit men, binne mei de helm geboaren. As se dat flues achteroer lûke matte sokke bern letter alles sjen. As se it foaroer lûke, dan net. By de Petten yn 'e Harkema hat in frommes wenne dat mei de helm geboaren wie. Dy moest der nachts ôf as der letter in sterfgefal wie.
nl.verhalenbank.33297
Yn 'e Petten wenne Jille Antsje (J. Hamstra syn wiif). Dat minske wie mei de helm geboaren, seinen se. Dy wist alles foarút. Hja wenne dêr hiel iensum, mar hja wist krekt hwa't der by har lâns komme soenen. Ik en myn wiif binne der is op in nacht om twa ûre lâns kom. Doe stie hja op 'e daem; krekt as wachte se ús op.
nl.verhalenbank.25907
Skoanheit wie mei de helm geboaren. Dy moest der wol gau us ôf as er op bêd lei. 't Wie hast altyd yn 'e nacht. Dan moest er sjen. Hindrik Pitstra hiet er. Hy wenne oan 'e Langewyk.
nl.verhalenbank.20673
Wy mochten froeger noait midden op 'e wei rinne. Alde frou Wobbes (Janke Hollander) sei: Dy't jouns midden op 'e wei rint hat de kâns dat er foar by de lykwein op rint en der achter wer by del falt. Janke wie nachts altyd op 'e lappen. As wy fan in feestje werom kommen yn 't holst fan 'e nacht, siet hja altyd as in roungear protsje by de hage. 't Wie ús...
nl.verhalenbank.29361
Op it Bouwekleaster wenne in boer, dy soe op in moarn nei it lân ta om nei syn fé to sjen. Doe't er dêr kom, wie dêr in hiele keppel minsken yn syn lân. In frommes kom út dy keppel wei en roan op 'e boer ta. Sy sei gau: "Forhoal jo hwat, boer!" "Hwerom?" frege de boer. "Hjir komt in bern op 'e wrâld." De boer gong werom. Mar hwat wie 't gefal? Der woarde...
nl.verhalenbank.17463
Op in saterdeijoune kom Douwe by de faem wei. It wie sahwat om ien ûre yn 'e nacht. 't Gebeurde hjir mar in eintsje fan ús ôf, in jier of fiif lyn. Hy moest it hûs fan Anne Hoeksma passeare, dêr't it wiif fan yn forwachting wie. Krekt even fierder by in skerpe bocht woardde er oerside set. Hy tocht: Hwat is dit? Hwant der wie abslút neat to sjen. En syn...
nl.verhalenbank.15883
Hjir op 'e buert hat in man wenne, dy wie mei de helm geboaren. Dy moest altyd bigraffenissen fan tofoaren sjen. Dat gebeurde faek by nacht. Hy hat it wol forteld. Dan lei er op bêd, dan woe er wol lizzen bliuwe, mar dat wie in ûnmooglike saek.'t Wie in geheime driuw. Hy mòest der út en sjen. Hie er 't sjoen dan koe er wer nei hûs ta gean. Hy wist altyd...
nl.verhalenbank.34520
Op it Blauhûs wenne froeger in boerefaem. Dy faem krige twa berntsjes, dy wienen fan 'e boer. It wienen twillinkjes. Dy berntsjes hat se weimakke yn 'e kolk. Letter kom der in oare boer op it spul to wenjen. As dy oan it melken wie, kommen der altyd twa twillinkjes op 'e mjilling achter de kij. Dat wienen twa neakene berntsjes. It wienen deselden dy't de...
nl.verhalenbank.19528
Wy wienen ris to Úthuzermeden foar in boer oan 't flaechsteppen. Alde Willem Bos (fan 'e Harkema) wie by ús. Op in moarn sei er tsjin heit: "Ik moest der fannacht út." Hy hie hwat sjoen. Willem Bos woarde dan altyd yn 'e nacht warskôge. Hy wie mei de helm geboaren, seinen se. Hy seach altyd lykstaesjes.
nl.verhalenbank.29359
35