Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: dwaallicht Place of Narration: Drachten
Us heit fortelde, op Topwear stienen in pear boereplaetsen. Op ien fan dy plaetsen wennen twa bruorren dy hienen to jounpraten west nei Grinzer Pein. Op 'e weromreis roannen se achter elkoar oan. 't Wie tige tsjuster. Sy kommen net tagelyk op Topwear oan, hwant de iene, de achterste, dwaelde in hiel ein ôf. Hy folge ljochtsjes, hy miende dat dat de fonken...
nl.verhalenbank.27496
Myn broer wenne hwat achterôf op 'e Skieding. Wy wennen yn Drachten. Myn oare broer frijgeselle by him. Op in snein-to-joun gong ik der oan ta. 't Wie sahwat tsien ûre. Dêr achter roan in paedtsje lâns. Dy jouns gong dêr in ljocht lâns. Oars neat as ljocht. Ik woarde sa binaud, dat ik makke fluch dat ik by de syddoar fan it hûs fan myn broer kom. Ik hime...
nl.verhalenbank.27065
Froeger seagen wy faek wylde lantearnen oer de fjilden hinne. Dan kommen der nije wegens, seinen se.
nl.verhalenbank.22914
De wylde lantearnen wienen de earsten dy't birichten dat de fytslantearnen komme soenen. 't Wienen de foartsjirmen.
nl.verhalenbank.24591
Yn 1931 wie der op 'e Suderhegewei by Drachten in dwaelljocht. De minsken wienen der stjerrend binaud foar. Hindrik Storm hie in ammerke mei molke by him, mar hy kom sûnder molke thús, sa hurd wied er útnaeid. It is net bikend of hjir foartsjirmerij fan west hat.
nl.verhalenbank.19314
Ik hear it heit nòch sizzen: Sjoch, dêr komt skielk in hûs, hwant dêr brânt in ljocht. Dan seach er in wylde lantearne.
nl.verhalenbank.25160
Yn 'e Earnewarren wienen froeger faek wylde lantearnen. Dat binne letter allegear huzen woarn.
nl.verhalenbank.24864
Myn âlde beppe wie op in joun bûtendoar. "Bern," sei se, "dêr komme allegearre ljochtsjes oan. En dy komme dit allegear út. Dat bitsjut hwat." Letter kommen de fytsen der. 't Wienen krekt deselde ljochtsjes.
nl.verhalenbank.24668
35