Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Dutch Keywords: duivel Place of Narration: Twijzelerheide
Ast' bûten komste en der komt dy in swart ding op side, dan is dat forkeard. As 't yn 't wyt is, is 't goed.
nl.verhalenbank.22153
Der wienen ris twa man, dy woenen ien bang meitsje. Sy seinen tsjin him: "Doarstû by nacht wol allinne op it tsjerkhôf to kommen?" "Wiswol," sei de man, "hwerom net?" Doe praetten se ôf, dy nachts om tolve ûre soe dy man oer 't tsjerkhôf rinne. Die er it, dan krige er in flesse drank; as hy der foarom krûme, dan moesten hja in flesse drank ha. It paed...
nl.verhalenbank.28536
Der wie in douweleafhawwer, (in duivemelker). Dy man mocht graech in gleske bier. Hy wie hwat selskipswiet en syn wiif, dat in echte fekke wie, koe dat net útstean. Op in kear gong er nei 't douwelokael ta mei syn douwen en dêr bleau er ryklik lang. De frou, in echte duvelinne, krige dêr har nocht fan. Hja tocht: "ik sil him ris goed bang meitsje." Doe...
nl.verhalenbank.28635
Yn 'e buert fan Burgum wie in lânne, dêr spokke it altyd yn. Jochum bargekoopman kaem dy kant út wei. Dy fortelde it ús. Hy sei, syn heit wie dy lânne us yn gong. Dy woe der mear fan witte. Hy seach it spoek en spriek it oan. Hy sei: "Bist fan God, spreek. Zijt ge van de satan, wijk." It spoek wie útnaeid en 't hie dêr noait wer west.
nl.verhalenbank.22154
Yn 'e Falom wenne in man, dy moest nachts altyd út bêd wei om hwat to sjen. 't Wie in hiele bêste man. Hy moest soms ûrenfier rinne om by de lykstaesje to kommen. Mem sei al ris tsjin him: "As jo nou us lizzen bliuwe, hwat dan?" "Ei minske," sei er, "dan wie 't net bêst. Dan waerd ik der út smiten." It binne pleagen fan 'e duvel, as men der nachts út mat.
nl.verhalenbank.21994
Frijmetselers binne kûgelfrij. It ark - de troffel ensa - komt mei yn 'e kiste, as se dea binne. Hja ha in forboun mei de duvel. De duvel keapet har foar in som jild. Se binne dus oan 'e duvel forkocht. It jild waerd de jouns neidat de keap oangien wie, ta de skoarstien yn smiten. It kontrakt is mei bloed ûndertekene. Dêrtroch kinne jo net wer by de...
nl.verhalenbank.37670
6