Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
72 datasets found
Dutch Keywords: duivel man spotter
Us Jan-om wie oan 'e drank. Hy wie noch feint en tige los. 't Koe him net folle skele hwat er sei. Mar op in kear, op in joune let, doe moest er ien fan 'e Heidkampen oer. Doe hat er hwat sjoen. Hy seach in knyntsje, dat by him kom. As hy fierder gong, gong dat knyntsje ek fierder. It wykte net by him wei. Hy skopte der nei, mar hy koe't net kwyt wurde....
nl.verhalenbank.27557
Aen wie in âld man. Hy wenne yn 'e Harkema. Hy leaude oan God noch syn gebod en wie in greate spotter. It gong him noait to raer. Op in kear lei er op bêd, doe siet der in gedaente op 'e stoel foar syn bêd mei egen as itensboarden. Hy die neat en praette ek net tsjin him. Aen wie stjerrendbinaud. It wie de duvel. Aen is troch dit gefal bikeard en gong nei...
nl.verhalenbank.21324
Pyt Felkers wennet yn Koartsweagen. Hy siet ris in kear yn 'e trein mei in stik of trije oaren. Hy wie wakker oan 't swetsen en opskeppen en flokken dat er die! Hy sei: "Ik wol de duvel joun ûntmoete!" Yn Akkrum stapte er út 'e trein. Dêr moest er de polder yn - Doe't er op 'e rykswei kom seach er dêr in swart ding. Hy moest doe noch in ein rinne. Oan 'e...
nl.verhalenbank.27621
Alde Bartele Pypke (= B. Bijma) wie mei noch trije man to fiskjen tichte by de Leijen. Sy sieten dêr by in âld dyk. De trije dy't by him wienen, dat wienen forkearden, dy dienen oars neat as spotten en wienen nergens binaud foar, biwearden se. 't Wie stil waer, mar doe bigong it ynienen bot to waeijen. Doe seagen Bartele syn trije maten ynienen hwat. Sy...
nl.verhalenbank.25744
Der wie in feint, dy wie tige dryst. Hy joech nergens om. Hy hâldde in weddenskip mei guon, dat hy doarst wol by 't tsjuster nei 't tsjerkhôf ta en helje dêr in deabonke wei. Deselden dy't mei him wedden, tochten: "Nou sille wy him dochs us bang meitsje." Foardat hy der wie, wienen der trije fan har nei 't tsjerkhôf ta gien. Sy hienen elk in wyt lekken om...
nl.verhalenbank.23453
Sytse Jager fan 'e Smoarhoeke hie op in snein hiel bot flokt. "Ik wol mei de duvel fechtsje! Ik bin foar gjin duvel bang!" en sokke dingen mear hied er mar roppen. Hy wie tusken oar jongfolk yn. Doe woarde er opnom en oer de dyk hinne smiten. Letter wied er altyd binaud. Hy doarst by nacht net allinne to reizgjen.
nl.verhalenbank.29354
It is ris yn myn tiden gebeurd dat Sytse Jager hwat bileefd hat. 't Gebeurde op in snein-to-joun. Sytse wie in man fan swearen en swetsen; en flokke dat it raer wie. Op in joun wie er mei in ploechje jongfolk der op út, feinten sawol as fammen. 't Wie al hwat let. Se wienen by in heidefjildtsje, dêr wienen sângatten. Sytse sei: "As wie 't de duvel èk,...
nl.verhalenbank.33641
Der wenne ien yn Feanwâldsterwâl, dat wie in hiele rarenien. Dy joech nergens hwat om. Om 'e duvel net iens. Hy spile in bulte op 'e harmoanika yn 'e herberch op Feanwâldsterwâl. Op in kear, doe spile er de hiele joun: 'Wat kan de duivel spelen! Wat kan de duivel dansen!' De nachts forliet er de herberch. Doe soed er nei hûs ta. Mar ûnderweis woarde er...
nl.verhalenbank.21125
Teunis Holthuis hjir fan 'e Harkema wie in tige bêste man, mar yn syn jonge jierren wied er los en krekt as syn heit doe't dy jong wie. Mar doe't it to raer mei him gong hat de duvel him der mei bimuoid. Dy hat him in kear pakt en oer de dyk hinne smiten. Dat gebeurde oan 'e Rydloane tusken Harkema en Bomkleaster. Sûnt wie Teunis bikom. Hy woarde in...
nl.verhalenbank.32987
Yn Surhuzum wennen de Kloostermannen. Dat wienen earst rare. Dat wie om 't oare wurd bliksem, duvel, ja en noch folle slimmer. Twa bruorren Kloosterman kommen ris togearre út 'e kroech. 't Wie op in joune let. Sy gongen elk in kant út. De iene forflokte ûnderweis God en syn gebot. Hy roan in stik lân del om thús to kommen. Doe woarde er ynienen mei syn...
nl.verhalenbank.23861
Der wenne in man yn Marum, dy wie arbeider op 'e molkfabryk. Dy man dy flokte altyd sa skandalich, dat it wie in griis der nei to hearren. Op in kear doe wied er allinne yn 'e fabryk. Doe is de duvel by him kaem en dy hat mei him fochten. Dat wie skoan to sjen, doe't se him even letter dea founen.
nl.verhalenbank.33124
Ik wenne yn Twizelerheide. Ik hie dobbele mei dobbelstiennen. 't Wie yn 't holst fan 'e nacht, doe't ik út 'e herberch kom. Ik roan by in graft lâns. Doe woarde ik ynienen samar yn 'e graft set. It wie de duvel dy't my dat lapte.
nl.verhalenbank.27780
Hjir op it Hegelân yn Jistrum wenne in koopman. Dat wie ien dy die oars net as sûpe en swetse. Hy hie nergens earbied foar. Mar op in kear doe't er ûnderweis wie nei hûs ta hat de duvel him opnom en smiten. Doe is er raer thús kom. Letter is er tsjerks woarn.
nl.verhalenbank.23125
Der hat hjir in man yn Stiensgea wenne, dy flokte en swetste dat it raer wie. Dy man hearde op in nacht de klappen fan 'e flaeije. Hy der ôf en nei de skuorre ta. "Ik sil se opsitten leare", hied er sein en dêr rare flokwurden oerhinne. Mar hy is dêr raer wer weirekke. De duvel hat him by de lurven hawn.
nl.verhalenbank.23859
Ruerde Saekje Ruerd (= Mike Ruerd = R. v.d. Veen) is faek smiten woarn troch de duvel. Se hienen in winkeltsje. Soms gebeurde 't dat Ruerd yn 't achterhúske oan 't wurk wie en dan pakte de duvel him. Dan hearden se him wol kjirmjen.
nl.verhalenbank.25757
Yn Nes stie in herberch. Op in joun hâldde in ploechje manlju dêr it avondmael. Bolman, in boer, wie de oanfierder. Doe't er de jouns allinne nei hûs ta soe, siet de duvel him achternei. Hy is dwars troch de grêft hinneflein en sa is er yn 'e hûs kaem.
nl.verhalenbank.27961
Mike Ruerd wie in raer man. Op in kear wied er oan 't timmerjen op it Bomkleaster. Doe sei er: "Ik bin foar gjin duvel bang." De jouns soed er nei hûs ta. Hy hie 't ridskipsbakje op 't skouder. Hy roan de Skalkepaedtsjes del om yn 'e Harkema to kommen. Hy moest forskillende houtsjes oer. Doe stie der op ien fan dy houtsjes in juffer. "Rûmte!" sei Ruerd....
nl.verhalenbank.29351
Op it Godloas Tolhûs hat froeger in man wenne, dy neamden se Germ Godloas. Dat kom omdat er sa forskriklik flokte en die. Germ Godloas wie frij hwat siik. Der sieten twa man op in nacht by him to wekjen. Doe gongen dy beide mannen der even út. Doe't se der wer yn kommen, doe hie Germ Godloas yn 'e hoeke fan 'e keamer stien, mei de nekke omdraeid. Dat hie...
nl.verhalenbank.25542
Rinse de Wind wie in hiele raren. Hy wenne yn 'e Harkema. It wie in earsten fjochtersbaes en hy flokte as in ketter. Doe't er it ris wer in kear raer dien hie, wie der in grouwe houn dy't him thús brochte. Dat wie de duvel sels.
nl.verhalenbank.29378
Der wenne yn Wierum in man, dat wie in greaten spotter. Hy woarde siik en lei op bêd. Op in nacht skreau/raesde er hiel bot. Der wie net ien dy't nei him ta doarst omt it sa raer klonk. Sa bot gong er to kear. Sy standen it net. De oare moarns lei de man dea op bêd mei de holle achterstofoar op 'e romp. Dat wie it wurk fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.27962
35