Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: dragen geld
Sterke Hearke moest eens een zak met geld naar Leeuwarden brengen. Onderweg waren er twee rovers, die wilden het geld hebben. Hearke liet het hen dragen en pakte ze toen beet, ieder bij de arm, zodat ze niet weg konden komen. Ze bidden en smeekten hem om hen los te laten, maar dat deed hij pas, toen ze in Leeuwarden waren. Ze hadden de zware zak met geld...
nl.verhalenbank.28020
Sterke Hearke moest us in kear in pongfol jild nei de stêd ta bringe. Doe kommen der ûnderweis twa rovers út 'e wâl. "Sille wy dat drage?" seinen se. "Jonge-ja", sei Hearke. Hy smiet de iene de sek op 'e rêch en krige se doe beide yn 'e earm. Sa roannen se nei Ljouwert ta. De beide rovers wienen bont en blau west en koenen op 't lêst net in stap mear dwaen.
nl.verhalenbank.22242
Sterke Hearke moest us foar ien nei de stêd ta mei in sekfol ryksdaelders op 'e nekke. Doe kom dêr in manselsoan oan. Dy sei: "Jo ha dêr ek in swiere fracht, net?" "Ja", sei Hearke. Dy man, dat wie in rover, dy hie it op dy sek mei jild forsjoen. "Dêr moest ik ek hwat fan ha", sei er. "Kinst de hiele sek wol krije", sei Hearke en hy smiet him de sek mei...
nl.verhalenbank.19498
Biesterveld wenne yn Drachten oan 'e Dwarsfeart. Dêr wie elkenien binaud foar, hwant hy wie in moardner. Net ien dy't him fortroude. Hy wie ek in rover. Op in kear doe siet er yn 'e herberch. 't Wie yn Garyp. Doe kom der nòch in man yn 'e herberch. Dy man dy moest nei Drachten ta. Hy hie in tas mei jild yn 'e hannen. De kastlein seach hoe't Biesterveld...
nl.verhalenbank.22774
Op in kear moest Hearke mei in partij jild nei Ljouwert ta to foet. Hy droech it yn in sek oer 't skouder. Doe't er oan 'e Bonkefeart ta wie kommen der twa man tofoarskyn, dy soenen him oanfalle. Hy pakte ien fan 'e mannen beet en woe him yn 'e Bonkefeart smite, mar hy kom oan 'e oare kant op 'e wâl tolânne. Doe wist de oare wol hoe let it wie. Dy hied er...
nl.verhalenbank.26143
In boer soe mei in sekfol jild nei hûs ta. Hy hie handel dien. In soldaet kom him achterop. "Sil ik dat foar jo sjouwe, boer?" "Graech", sei de boer, hwant hy wie warch. De soldaet kom mei en rekke by de boer yn 'e hûs. "Jo kinne hjir fannacht wol bliuwe", sei de boer. Dat gebeurde. Doe kom der de jouns in frommes by de doar, dy woe dêr dy nachts graech...
nl.verhalenbank.20167
Froeger wienen der jildsjouwers, dy moesten dan jild forsjouwe foar koopljuwe dy't it jild op in oar plak ha moesten. Dêr woarde Hearke wol gauris foar brûkt. Sa wied er ek ris wer mei in sekfol jild ûnderweis, doe kommen der in pear mannen ta de wâl út. Dy seinen tsjin him: "Wy matte dat sekje mar fan dy ha." "Dat kin wol", sei Hearke, en hy sette de sek...
nl.verhalenbank.28744
Froeger wie sterke Hearke ek stille plysje. Der moesten wolris sinten fan Surhústerfean ôfhelle wurde en dy woarden dan yn in sek nei Ljouwert ta brocht op 'e bank. Sokke putsjes moest Hearke altyd opknappe, omt er sa sterk wie en net bang. En hy wie in earlik en fortroud man. Hy moest dan al hielendal nei Ljouwert ta rinne. Op in kear moete er ûnderweis...
nl.verhalenbank.28752
7