Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: dood Place of Narration: Boelenslaan
Hinse syn broer Habele lei op 'e Gerdyk bigroeven. Doe't Habele al in jier wei wie, gong Hinse nei syn graef ta. Dêr stie er to dânsjen as in wylden en rôp: Habele, kom der út! Kom der út, Habele! Hinse hat syn kunsten leard út it boek 'Het zwarte paard'.
nl.verhalenbank.16034
Minse Griper koe ek in flesse drank komme litte mei in spylkaert. Dat gebeurde by him yn 'e hûs. Dan rikke er de lege flesse oer om 't hoekje fan 'e doar. Even letter kom de folle flesse der oansweven. Hy mocht him net oannimme. As der net ien by wie, dy't him oannaem, dan gong er sels dea.
nl.verhalenbank.24378
Pake Boardzer wie fuorman. Op in kear struts âlde Rikele Myt mei de hân oer pake syn hynder hinne. Rikele Myt wie in tsjoenster. Doe't pake thúskaem, sei er: "Dit is net bêst. Myn hynder giet dea, hwant Rikele Myt hat der oan west." De oare moarns wie 't hynder dea. Sy wienen allegear bang foar Rikele Myt. Op in kear hie se twa arbeiders yn 't wurk, âlde...
nl.verhalenbank.17655
Ien fan dy beide froulju hat âlde Ritske Ale syn jonge yndertiid bitsjoend. Doe kaem Ale by ús mem om ried. Mem sei: "De pisse fan 't jonkje matte jimme heine en dat op 't fjûr sette mei spjelden der yn. En dan alles goed ticht meitsje en de doarren fêst. Dat dienen se dy jouns. Mar doe kaem datselde frommes dy't it bern bitsjoend hie, by de doar. Mar sy...
nl.verhalenbank.17661
In swarte kat is faek in tsjoenster. 't Is ek wol us de duvel sels. Myn wiif har pake, dat wie Hindrik Swart. Mar sy neamden him allegear Hindrik Skutter. 't Wie in hiele raren-ien. De kweade wie syn maet. Hy siet op syn manier yn 'e bibel to lêzen, mar dan song er dêr wylst allegear rare ûnfatsoenlike strjitferskes by. Dy stienen dêr yn, sei er. En dan...
nl.verhalenbank.21219
5