Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: dood drempel
Binne kastelein wie in gefaerlik man. Hy bitsjoende it fé. Soms wienen alle bargen samar dea, as hy der west hie. Ek minsken bitsjoende er wol. Der waerd froeger by ús in gat yn 'e drompel boarre en dêr waerd in stik duveldrek ynlein. Dat wie foar tsjoenderije.
nl.verhalenbank.38070
Duveldrek is fan 'e geastlike kant. Leit der duveldrek ûnder 'e drompel, dan kin der net in tsjoenster oer komme. Docht se 't al, dan is 't har dea.
nl.verhalenbank.23793
Tsjoensters komme troch 't kaeisgat yn 'e hûs. Om 'e sawn jier matte se ien deatsjoene, oars geane se sels dea. Se dienen hjir duveldrek ûnder 'e drompels.
nl.verhalenbank.23715
Foar tsjoenen wienen se eartiids yn Jobbegea tige bang. De lju makken in gatsje yn 'e drompel en dêr dienen se duveldrek yn. De bern droegen duveldrek op 't boarst. As de bern bitsjoend wienen gong men nei Murk gûchlem, de duvelbander fan de Knipe. Bitsjoende bern dy't stoaren, bleauwen slop. Ek in tsjoenster wurdt net stiif, as se dea giet.
nl.verhalenbank.21021
Wy wienen as bern machtich yn 'e hûs. In stik of hwat fan ús binne bitsjoend west. Der wienen krânsen yn 'e kessens. Dy woarden opbrând, mar guon fan 'e bern wienen al to fier hinne. Fjouwer binne deatsjoend. It wie it wurk fan Stammerige Harm. Der sieten yn 'e krânsen lapkes mei bloed, dy't de bern om in seare finger hawn hienen en der siet ek stoptried...
nl.verhalenbank.22971
Doe't myn âldste suster Wike noch in lyts famke wie, wenne se yn Lutjewoude ûnder Kollum. Der kom geregeld in âldwiif út Kollum by ús oan 'e doar mei de bolkoer. As dat wiif der west hie, koe Wike dy jouns net sliepe. Sy lei dan altyd wekker op bêd en dat woarde geandewei slimmer. Ien joech mem de rie, sy moest it holkessen mar ris iepenmeitsje. Doe siet...
nl.verhalenbank.19390
Hwat ik nou fortel is al lang lyn. Myn suster hie in jonkje, en dat wie net goed. Har buorfrou wie in âld minske, dat hiet fan Gjertsje. Dy kom noait fierder as de drompel, en dan frege se nei 't jonkje. Sy kom noait yn 'e hûs. Op in kear, doe hie se der ek wer west. Sy wie noch mar krekt fuort of doe kom der in fremde kat by myn suster en dy yn 'e hûs....
nl.verhalenbank.21572
Yn Hiltsjemoaiwâlden op 'e hoeke fan 'e Reapdraeijersreed stiet in âld húske. It is net mear biwenne en it sil yn 't koart wol ôfbrutsen wurde. De lju dy't der 't lêst yn wenne ha, ha in nije bungalow op 't hiem sette litten, dêr't se nou yn tahâlde. Mar froeger hat myn skoanheit yn dat âlde húske wenne. It hat yn dat húske noait doogd. It wie in...
nl.verhalenbank.21995
8