Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 results
Dutch Keywords: dood Place of Narration: Eastermar
Op 'e Reamûtskekamp op it Wytfean is froeger in slach mei de Frânsen levere. Dêr binne doe soldaten mei reade mûtsen op sneuvele. Der waerd wol sein, dat se der letter noch omspoeken. It stik lân, dêr't de wei dwars troch hinne rint hyt noch altyd 'Reamûtskekamp'.
nl.verhalenbank.19952
Foar it Jan Koartslân wienen se ek altyd hwat skruten. Dêr hat in man him ophinge en sy sizze ek wol dat de duvel him dêr de holle omdraeid hat.
nl.verhalenbank.32809
Alde Ealse Sijke fan Eastemar fortelde, der wienen wol berntsjes fan kant makke woarn, dy't de âlden net bigearden. Mar dan kommen dy berntsjes werom en spoeken algeduerigen. Hwant dy berntsjes koenen de rêst net krije omdat se gjin léguod meikrigen hienen. Der moesten dan twa minsken freegje, hwat se bigearden. Dat wienen de oansprekkers. Ien...
nl.verhalenbank.21873
Op Bennema-state to Hurdegaryp stie de hekke altyd iepen. In kloftsje fan tolve man, dy kommen hjir út 'e omkriten wei, dy woenen dêr mear fan wite. Dy gongen dêr yn 'e nacht hinne en hâldden in weddenskip. Ien foar ien dienen se de hekke ticht. Mar net sadra hie ien de hekke ticht dien of hy sprong direkt wer iepen. Deselde dy't it ús heit forteld hat...
nl.verhalenbank.31213
Boardzer Bruining fan 'e Houtigehage wie mei de keppel op 'e Grinzer klaei. Dêr wie ek in neef fan myn wiif by. Doe seach Boardzer dêr op in nacht yn 'e skuorre, dêr't se yn slepten, twa neakene berntsjes omrinnen. Dy koenen de rêst net krije, omt se gjin deaklean oankrigen hienen.
nl.verhalenbank.22267
Oan 'e âldwei dy't fan Ljouwert nei Grins gong, yn 'e berm, sit it poepekrús. Dêr is in poep yndertiid formoarde woarn. Sûnt spoeket it dêr, sizze se.
nl.verhalenbank.35925
Ik wie goed twintich jier. It gebeurde op it Swartkrús yn 1883. Ik hie om boadskippen west. Ik stapte oer de hekke en sette earst it doekje mei boadskippen del. Doe seach ik in deakiste mei in wyt ding foar de hekke stean. It wie tusken Swartkrús en Jistrum. Even letter bigong it wite ding to sweven, doe letter de kiste ek. (it wie in wyt ding as in...
nl.verhalenbank.21915
Siger Veenstra wie forstoarn, in tige roungeare man. Syn lyk lei yn 't fet. Skoanheit (Piter Claus fan Boelensloane) sei: "Dêr wol 'k noch us hinne." Hy roan troch in loantsje en wie allinne. Ynienen komt him ien op side. "Joun" seit skoanheit. Mar dyselde seit neat werom. "Kinstû neat sizze?" De oare seit nòch neat. "Dû bist in bok", seit skoanheit. Op...
nl.verhalenbank.20087
Yn Sjoerd Bonnes-plaets yn Sumar hat Fokke van der Kuip feint west. Op in kear hearde er dêr in swart bont hountsje gûlen. Dat hearde aeklik. op itselde plak dêr't it hountsje stie to gûlen, foel in pear dagen letter in man fan 'e fyts. Hy wie fuort dea.
nl.verhalenbank.21880
Der mat in frou wenne ha op 'e Tike of sa. Dy forkocht wol bûter, mar sy hie de minsken noait it folle gewicht jown. Sy kom to forstjerren, mar sy koe de rêst net fine. Sy kom hyltyd werom. Doe hellen de lju de dûmny derby en dy spruts har oan. Doe sei se hwat har bigearte wie. As de faem oan dy en dy minsken safolle bûter jaen woe, sûnder der sinten foar...
nl.verhalenbank.20070
10