Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: dood man Place of Narration: Rottevalle
Mem wie op in middei by Boardzer Bruning to thédrinken. Doe sei er tsjin mem: "Tryn, hwat mei dat nou west ha? Lêsten nacht seach ik in fisioen: Ik hie thédronken en ik hie in koekje hawn en dêr wie sa'n âlde muzykdoaze, dy't muzyk makke en ik hie hwat dânse en doe stie dêr in lyts mantsje by de tafel en dy sei: 'Boardzer, nou hast fan alles hawn, en...
nl.verhalenbank.32833
Auwert-omme wie nei in houtforkeaping en lânforhiering op Nijtap. Froeger roannen se altyd en dat die Auwert-omme ek (fan Rottefalle). Hy woe in perseel hout ha. Doe't de houtforkeaping ôfroun wie, roan er allinne fan Nijtap de achterwei del. Dat wie doe noch in sânreed. Nou seit men der tsjin Leidyksloane. Doe't er in pear hondert meter roun hie, seach...
nl.verhalenbank.29578
Boardzer Bruining fan 'e Boelensloane wie mei de helm geboaren. Hy sei: In minske mat om 12 ûre yn 'e nacht noait midden op 'e wei gean hwant dan kin er tsjin in lykstaesje oprinne. Hy wist altyd krekt fan tofoaren hwannear't der wer in bigraffenis wêze soe. 't Kom altyd út. Hy krige der altyd tynge fan, sa't it liket.
nl.verhalenbank.33054
Gerke Veenstra wenne yn 'e Rottefalle. Hy wie fékoopman. Op in nacht seach er in lykstaesje dy't nei 't tsjerkhôf ta gong. Hy moest dêr doe lâns mei fé. Hy koe alle minsken herkenne, dy't achter it lyk oanroannen. Al syn buorlju wienen der by. Mar der ûntbriek ien, dy miste hy. Trije dagen letter overleed syn buorfrou. Dat wie deselde dy't er net sjoen...
nl.verhalenbank.29582
Hinse Jehannes de Boer moest wolris it tsjerkhôf yn de Pein foarby. As er dêr wie, sei er: "Ik mat ek even mei myn broer prate." Dat wie Abele. Dy lei dêr op it tsjerkhôf.
nl.verhalenbank.33790
Op 'e Mûzegroppewei hat Sytse Batema syn dochter de hals útsnien. It bloed ha se letter net wer út 'e flier krije kind.
nl.verhalenbank.33006
Krist en Pyt wennen yn 'e Feansterheide yn in hiel lyts húske. Op in nacht seagen se dat by har yn 'e foarmuorre it finster mei ramt en al der út wie. Hja seagen it beide klear. En dochs wie 't sa net. Se wienen wekker woarn troch gestomp en geskou. Letter tochten se dêr net mear oer, mar doe kom dêr in sterfgefal. Doe moest de kiste der út. Dy koe de...
nl.verhalenbank.33058
Myn heit wenne yn Feansterheide. Op in moarntiid soed er nei 't wurk ta. Dat wie yn 'e Poffert (Hoogkerk) by Grins. Heit wie leiker op 'e preammen, hy moest dêr leikje. Mar dy moarns koed er min fuort komme. It wie krekt as woarde er keard, as moest er thúsbliuwe. 't Wie op moandei. It wykein wie heit altyd thús. Heit wie al in ein op stap, doe sloech er...
nl.verhalenbank.33059
Yn it hûske fan Sytse Bates woenen de bloedplakken nei de moart noait fordwine, seinen se altyd. De lju makken in rymke: Sytse Bates dy is gemien, dy hat syn dochter de hals útsnien. En doe wied er sa binaud, doe hat er himsels de kop ôfhoud.
nl.verhalenbank.20974
Op in kear wie heit mei myn beide bruorren oan 't wurk yn Surhústerfean. Myn broer Jehannes wie der èk by. Dy is nou 80 en wennet yn Drachten, de oare leeft net mear. Der kom in nij tsjerkhôf op 't Fean, se wienen mei in sleat oan 't slatten. De modder woarde op 't tsjerkhôf brocht. "Hwa't der ris yn dit kroadfol komt?" sa redenearren se. Doe sei heit op...
nl.verhalenbank.33060
35