Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
15 datasets found
Dutch Keywords: dicht Place of Narration: Boelenslaan
To Hurdegaryp hat in hekke stien, dy gong nachts tolve ûre altyd iepen. Der wurdt wol sein dat dêr de baron in feint deaslein hat. Hy die dat mei it hoofdstel fan in hynder, krekt op it plak dêr't dy hekke letter kom. Doe ha se dêr letter in tichtsluting makke. Dat wie in gewoane peal mei in ketting der oan. Dy peal siet oerdwars. Mar hy wie de oare...
nl.verhalenbank.26106
It izeren hek by it slot to Hurdegaryp kinne se net ticht hâlde.
nl.verhalenbank.17323
To Hurdegaryp wie in hekke, dêr is ús heit, doe't er noch bargekoopman wie, faek by lâns kom. Dy hekke koenen se ûnmooglik ticht hâlde, sei heit. Heit hie de hekke noch noait in kear ticht sjoen.
nl.verhalenbank.37781
Sytse Frouk wenne op Feansterheide. Hja woarde siik. Hja tochten, se kin wolris bitsjoend wêze en doe seagen se de ynhâld fan 't holkessen nei. Ja, hear, dêr kaem in krâns út. Doe binne se nei de duvelbander ta gong. Dy joech in drankje mei. Hy sei, hja moesten de krâns forbrânne, mar goed oppasse dat alles sekuer ticht wie; elk gatsje moest tichtstoppe...
nl.verhalenbank.37780
To Hurdegaryp wie in izeren hekke, dy gong nachts om tolwe ûre altyd fansels iepen.
nl.verhalenbank.27587
Yn Grinslân stienen pleatsen, dêr koenen de skuorredoarren nachts net fan ticht bliuwe.
nl.verhalenbank.36099
Op 't tsjerkhôf to Ikkerwâld binne hekken, dy't altyd fansels iepen geane.
nl.verhalenbank.23940
De hekke to Hurdegaryp.
nl.verhalenbank.21415
Skoanmem wie ris in kear by Arend Bron ûnder Oerterp. Dat wie noch hwat famylje. Wylst mem dêr wie, gong de doar trije kear iepen, sûnder dat der ien wie. Mem die de doar hyltyd wer ticht. De trêdde kear sei se: "Duvel, nou silst ticht bliuwe!" Doe't se 't wurd 'duvel' brûkt hie, bleau de doar ticht.
nl.verhalenbank.37857
To Hurdegaryp wie in hekke, dy't altyd fansels iepen gong. Foar noch safolle net doarsten de minsken by nacht oan dy hekke to kommen.
nl.verhalenbank.21214
Ien fan dy beide froulju hat âlde Ritske Ale syn jonge yndertiid bitsjoend. Doe kaem Ale by ús mem om ried. Mem sei: "De pisse fan 't jonkje matte jimme heine en dat op 't fjûr sette mei spjelden der yn. En dan alles goed ticht meitsje en de doarren fêst. Dat dienen se dy jouns. Mar doe kaem datselde frommes dy't it bern bitsjoend hie, by de doar. Mar sy...
nl.verhalenbank.17661
Yn Hurdegaryp stie in hekke, dy koenen se noait ticht hâlde. Dy gong altyd fansels wer iepen. Mar ienkear hat IJe Wykstra dy hekke de hiele nacht ticht hâlden. Dy hat der doe by wekke. De kweade machten ha doe net by IJe komme doarst.
nl.verhalenbank.28285
Yn Hurdegaryp stie in hekke, dy't yn 'e nacht samar fansels iepen gong, ha 'k faek fortellen heard.
nl.verhalenbank.28318
Ymke de Jong siet yn Ljouwert yn 'e gefangenis, mar dêr koenen se him net yn hâlde. Hy gong samar troch de tichte doarren hinne.
nl.verhalenbank.17670
Der wennen hjir minsken, dy hienen in jonkje. Dat wie altyd nijsgjirrich. It gûlde oan ien stik wei troch en it groeide suver neat. Op in kear kom mem (Klare) by dy minsken to kaertlizzen. Dat wie fanwege dat jonkje. Doe sei mem: "Hjir is in forkeard frommes op 'e buert. Dat bern kin net groeije, omdat dat frommes him yn 'e macht hat. It bern is troch...
nl.verhalenbank.19305
35