Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 datasets found
Dutch Keywords: deur Place of Narration: Veenwoudsterwal
Hy wie boerefeint en hie de gewoante altyd let thús to kommen. Op in kear wenne er by in boer, dy hie dêr in hekel oan. Dat dy die de doar op slot. Mar de oare moarns lei Jehannes wòl moai op bêd. Hy wie der samar ynkom; fêste slotten joech er neat om.
nl.verhalenbank.37963
Us heit fortelde: Pake kaem ris in kear by de faem wei. Hy soe nei hûs ta. 't Wie nacht. Wy wennen hjir yn 'e bakkerije. Doe kom der him in houn achterop, dy roan hyltyd in eintsje foar pake op. As pake stean bleau, dan bleau dy houn ek stean. 't Wie in houn as in keal, sa'n greaten-ien. Doe't er by hûs wie siet de houn by har foar de doar. Doe doarst...
nl.verhalenbank.38061
Greate Sytse Boonstra koe ek bûksprekke. Dy hie de kat yn 'e kachel, mar yn werklikheit siet hy der net yn. 't Wie in klompkachel. Skoanmem wie by him en dy wie yn 'e fêste forbeelding dat it beest der yn siet. Sy die it doarke fan 'e kachel iepen, mar der wie neat to sjen. Op it lêst hied er de kat yn 'e kleankast. Mar doe't se dêr yn seach wied er dêr...
nl.verhalenbank.19640
Hjir op 'e Wâl wenne in húshâlding, dat wie hwat rûch folk. 't Gong der yn 'e hûs by harren wolris mâl oan wei. Op in kear, doe't it hwat ekstra mâl wie, kom der by harren in greate swarte houn oer de ûnderdoar springen, dy kom by harren, en dy gong ek wer fuort. Doe ha se raer sjoen, hwant dat wie hwat fan 'e kweade.
nl.verhalenbank.19632
Hjir op 'e Wâl op 'e hoek stiet in hûs, dêr gong de doar altyd fansels fan iepen, waerd der altyd sein. Dêr hat in sekere Durk yn wenne, dy hie him dêr ophong. As de doar dan wer iepen gong, seinen se: "Dû mast dêr bliuwe, Durk." Dan woe syn geest der yn. Dy wie dan wer warber.
nl.verhalenbank.37906
Der wenne in boer op it Barra-hûs tichte by Ljouwert. Op in joun kaem dêr in frommes by de doar, dy frege of se dêr de nachts wol sliepe mocht. De boer hie dêr net folle mei op, mar affijn, dat moest dan mar. Doe sieten se de jouns dêr byinoar yn 'e hûs. De faem dy seach nou en dan ris nei de útfanhûzer en dy tocht: "Dat liket neat op in frommes. Dat...
nl.verhalenbank.37872
Doe't ik in lyts jonkje wie, is it folgjende ris gebeurd. Us mem hie in omkesizzer, dat wie Gaetse. Op in nacht koe mem net sliepe. Se wie sa raer hyltyd. Doe hearde se ien by de doar. En doe hearde se it lûd fan Gaetse, har omkesizzer. Hja hearde dat er sei dat har broer Hâns dea wie. Hja sei it de oare moarns: Myn omkesizzer hat fannacht by de doar...
nl.verhalenbank.38216
Hjir hat in pleats stien, dy is nou fortimmere. Op dy pleats spokke it altyd. Dêr koenen se de doarren net fan ticht hâlde. Dy fleagen altyd op, fral yn 'e nacht. Hja koenen de hynders dêr net fêst hâlde, dy stienen moarns altyd los.
nl.verhalenbank.38187
Heit fortelde, hy hie ris op in joun nei Feanwâldsterhoek ta west to praten. Doe gong er werom op hûs yn. Dat wie hjir op 'e Wâl. Doe kom der him in grouwe houn achterop, dy koed er net kwyt wurde. Doe't er oan syn hûs ta wie gong de houn foar de doar sitten. Doe doarst heit net ta de doar yn. Hy roan dêrom in eintsje fierder. Der stie in linebeam foar...
nl.verhalenbank.38037
Hy wenne by deselde boer. Jouns wied er faek fuort en dan kaem er let wer thús. Dêr hie dy boer in hekel oan. Op in kear soed er wer fuort. Doe sei de boer: Dû mast dan en dan wer thús wêze. Sa net, dan skoattelje ik de doar. Jehannes kaem net op 'e tiid thús en de doar siet fêst. Mar like goed lei er de oare moarns moai yn syn eigen bêd to sliepen. De...
nl.verhalenbank.38220
Der wie in frou, dy siet by Jehannes yn 'e skuld. Hja wenne op Burgumerheide. Dêr moest er sinten fan ha. Hy kom by har by de doar en frege om syn jild. "Ik ha gjin sinten", sei 't minske. "Nou," sei Jehannes, "bitelje my dan stadichoan hwat ôf." "Ik ha gjin jild", sei se. "Jow my dan dy goune mar, dy't jo yn 'e bûse ha", sei Jehannes. It minske woarde sa...
nl.verhalenbank.38223
Martens Bauk hie in nicht, dat wie Griet. Dy lake altyd sa. Der koe net hwat wêze, of hja bigoun der om to laitsjen. Jehannes sei: "Dat sil 'k har ris ôfleare." Doe soed er har de rokken ôfsakje litte. Hja moest se mei gewelt beethâlde, en har broek ek, hja koe 't hast net forhinderje. Hja die gau de bêdsdoarkes iepen. Hja is doe nuver op bêd rekke. Mar...
nl.verhalenbank.38182
Yn Grins is in gebou fan 'e frijmetselarij, dat stiet dêr njonken in bakkerij. De frijmitselers ha har oan 'e duvel forkocht. Dêrtroch ha se noait jildgebrek. Trijekear yn har libben wurde se holpen. Dan hingje se in lege ponge oan 'e kruk fan 'e doar. As se der wer by komme, is er fol jild. Nei de trêdde kear wurde se net wer holpen. Om 'e sawn jier...
nl.verhalenbank.38085
35