Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
12 datasets found
Dutch Keywords: deur rover
Der wie in faem, dy wie o sa moedich. Hja tsjinne by in boer en boerinne. Dy wienen us fuort togearre. Doe bleau dy faem allinne thús. Dy moest op it hûs passe. Doe kommen dêr dy nachts rovers. Der siet in gleske yn 'e doar. Ien fan 'e rovers die dat iepen en stuts syn holle der troch. De faem houde mei in swurd de kop der ôf en sette dy kop op 'e tafel....
nl.verhalenbank.19309
It Barrahûs is in boereplaets, tichte by Ljouwert. Dêr kom ris op in joun in frou by de doar. "Kin ik hjir ek oernachtsje?" frege se. "Jawol", sei de boer. In skoft letter kaem der in soldaet by de doar. Dy frege ek of er dêr sliepe koe. "Jawol", sei de boer. Doe sieten se by elkoar. De soldaet seach ris nei dat frommes en doe tocht er sa: "Dû bist in...
nl.verhalenbank.38588
In de buurt van Nieuwendam was in vroeger jaren een roover, dien ze maar niet te pakken konden krijgen. Maar op een goeden dag merkten ze dat hij in een herberg te Nieuwendam was en de burgemeester ging er met een stuk of wat dienders op af. Omdat ze bang waren dat hij gewapend was, durfden ze hem niet echter zoo maar te pakken en gingen dus één voor één...
nl.verhalenbank.9401
Der wie in faem, dy tsjinne by in hear en in frou. 't Wie ien dy't net botte gau binaud wie. Op in kear wienen de hear en syn frou útfanhûs. Doe wie dy faem allinnich thús. De nachts slûpten der trije rovers ta 't hûs yn, dy't alle kostberheden lyk as goud en sulver ensa pakten en dat yn sekken oerdienen. Sy seinen tsjin 'e faem, sy moesten in eintsje...
nl.verhalenbank.17618
Der wenne in boer op it Barra-hûs tichte by Ljouwert. Op in joun kaem dêr in frommes by de doar, dy frege of se dêr de nachts wol sliepe mocht. De boer hie dêr net folle mei op, mar affijn, dat moest dan mar. Doe sieten se de jouns dêr byinoar yn 'e hûs. De faem dy seach nou en dan ris nei de útfanhûzer en dy tocht: "Dat liket neat op in frommes. Dat...
nl.verhalenbank.37872
Pake Harm wenne as jonge al by de boer. Jouns nei 't ôfljochtsjen die de boer alle doarren fêst. Ek dy fan pake syn keammerke. Dy slepte boven de sliepkeamer fan 'e boer en de boerinne. Yn 'e nacht hearde pake dat der dieven wienen. Hy hearde hoe't se de stiennen út 'e muorren sloegen. Sy woenen in gat meitsje. Pake koe net út it keammerke wei komme, mar...
nl.verhalenbank.18139
Ja (aldus de heer D. Schuurman), van de vrije kunst weet ik ook nog wel een moppie. In den buurt van Nieuwendam was vroeger jaren een roover, die ze maar niet te pakken konden krijgen. Op lest hoorden ze dat ie in een herberg te Nieuwendam was, en de burgemeester gong er met een stuk of wat dienders op af. De roover had net een bittertje besteld en zat...
nl.verhalenbank.9177
Ergens stie in pleats. Op in joun wienen de boer en de frou der op út to jounpraten. De faem wie allinne thús mei de bern. De bern leinen op bêd. Alle doarren sieten goed fêst. Doe kommen der ynbrekkers. Dy groeven in gat ûnder 'e muorre troch. Sa kommen se yn 't hûs. Mar de faem hie fornaem hwat der dwaende wie. Dy stie mei in sabel klear en houde de...
nl.verhalenbank.26190
Op it Barrahûs, tichte by Ljouwert wenne froeger in boerehûshâlding. De lju soenen krekt op bêd, doe kommen der noch twa by de doar, in man en in frou, dy woenen dêr graech nachtforbliuw ha. Sy waerden ynlitten. Dêr wie noch ien, dat wie in soldaet op 't hynder, dy hie al earder op 'e joun frege om ynkertiering. Dy soldaet dy fortroude 't saekje net. Hy...
nl.verhalenbank.23038
Myn wiif har pake hat oan dy wei wenne tusken 't Jachtfjild en 't Blauhûs. Sy wennen yn in plaets. Dy is der al lang wei, mar de hage stiet der altyd noch. Op in joun kom dêr in frommes, dy woe graech ûnderdak ha foar de nacht. Se lieten it minske der yn. Mar doe't pake har us in pear kear goed opnom hie, tocht er: Dû kinst wol us net in frommes wêze. En...
nl.verhalenbank.21217
Achter Ljouwert hat men it Barra-hûs. Us heit fortelde, 't gebeurde dêr ris op in joun mei min waer dat der op 'e bûtendoar kloppe woarde. Doe't de boer dêr hinne gong stie dêr in frommes. Mar 't wie in rover. Mar dat wist de boer net. Dat frommes woe der graech yn en de boer liet har yn 'e keamer komme. Dêr gong se by 't fjûr sitten by de oare minsken....
nl.verhalenbank.29405
It wie op in joun let mei stoarm en ûnwaer. Doe kaem der in frou by de doar mei in great pak mei ellewaren. Hja woe dêr graech de nacht trochbringe. De boer sei, dat moast dan mar oangean, fanwege it minne waer. Hja sette it pak achter tsjin 't sket oan. Doe gong se by 't fjûr sitten tusken de oaren. It minske hie in tige grou lûd. Krekt as fan in...
nl.verhalenbank.21261
35