Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
De nachtmerje komt yn 'e nacht by de minsken.
Froeger setten se de klompen ûngelyk foar de doar 89 jouns. Guon âlde minsken dogge dat noch. Oars kin de nachtmerje dêr yn stappe. Hwant sy rint altyd yn 'e fuotleasten fan 'e minsken.
De nachtmerje komt faek troch 't slotsgat yn 'e hûs. De minsken struiden wol us moal op 'e rânne fan 't bêd of op 't gesicht...
nl.verhalenbank.24237
Ien fan sawn dochters is in nachtmerje. In nachtmerje komt ta 't slotsgat yn. In nachtmerje kin de minsken hast smoare, sa bot knypt se. Men mat de klompen oarsom lizze of duveldrek foar de strjitte lizze. Dan hat men der gjin lêst fan.
nl.verhalenbank.22325
As der minsken wienen, dy't sawn dochters hienen, dan wie ien dêrfan in nachtmerje. Sa'n nachtmerje kom nachts by de minsken. Sy kom earst op 't fuottenein, by de teannen en gong sa stadich omheech. Op 't lêst siet se op 't boarst en dan knypte se de minsken de hals ticht.
Se kom yn 'e hûs troch 't kaeisgat. Dêrom lieten de lju de kaei nachts yn 'e doar...
nl.verhalenbank.22273