Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: bijl Place of Narration: Harkema
By ús beppe wie ien fan 'e bern bitsjoend. Pake gong nei Wopke ta to Kûkherne. Wopke frege of pake wol hurd rinne koe. "Jawol," hie pake sein, "'k ha nije klompen oan." Wopke joech pake guod mei. Doe gong pake troch in stik lân mei beesten. Dy sieten allegear achter pake oan. Pake rinne om 't leven. Hy rekke yn 'e sleat en de beesten der boven. Mar hy kom...
nl.verhalenbank.23915
Tsjip van der Bij ^ fan 'e Harkema gong altyd to murdzjen. Op in nacht wie er wer op stap. Hy hie twa maten by him. Alle trije hienen se in houn. Tsjip hie in lyts hountsje. Murdehounen rinne altyd in ein fuort, as se in murd fine. Dêr rinne se dan achteroan. Doe hearde Tsjip ynienen dat syn hountsje hiel bot jankte. Tsjip gong by de mannen wei en sette...
nl.verhalenbank.28610
't Wie yn 'e winter en wol hast 100 jier lyn tink. It frear bot en it jongfolk wie der allegear op redens op út. Oan 'e Mûzegroppewei by Rottefalle wenne in widner: Sytse Batema, mei soan en dochter. Dy soan wie der op út gong to riden. De dochter woe ek graech ride, mar dat woe de heit net lije. Hja moest thús bliuwe. Hoe't it fierder gong is wyt net...
nl.verhalenbank.34589
Oan 'e Mûzegroppewei hat in hûske stien, dêr wenne Sytse Bates (Batema) yn. De soan Freark wie to riden. De dochter woe ek ride. Mar Sytse woe 't net lije. Sy krigen spul en hy sloech syn dochter mei de bile de holle yn. Doe hat er himsels fan kant brocht. De plakken bloed oan 't bêdsket en oan 'e muorre woenen der net wer ôf letter. Op twa boereweinen...
nl.verhalenbank.22717
Syn heit hat noch sterker west as Hearke-sels. Dy wie us in kear yn 'e Hamster mieden oan 't wurk. Dat wie froeger allegear ûnlân mei dikke wylgebosken. De boer sei tsjin him, hy woe dy wylgebosken graech útroeid ha. Hy stjûrde Hearke syn heit der mei in bile hinne. Mar dy sei: "Lit dy bile hjir mar bliuwe, hwant ik rêd der my wol sûnder." Hy hie al dy...
nl.verhalenbank.26144
In bile mei noait yn in houtblok sitten bliuwe, oars bigjint it to kappen yn 'e nacht.
nl.verhalenbank.16902
Tsjip van der Bij wie in goddeloas man. Hy wie us in kear oan 't houtkappen. It wie stellen hout. Hindrik van der Veen wie der ek by. Se wennen beide yn 'e Harkema. Doe wie der in fremde kat oankom en dat dier dat streake Tsjip hyltyd mar by de fuotten lâns. Tsjip sei: "Gean wei, kat." Mar doe't er dat net oprêdde koe, hat er de bile nei de kat smiten....
nl.verhalenbank.21388
Op 'e ein fan 'e Langewyk stie in kroech. Dêr wennen Bate en Wyts. Dêr hat de man syn dochter formoarde en doe hat er himsels fan kant brocht. Hy hat de dochter mei de bile de holle ynhoud. It wie allegearre bloed. Dy bloedplakken wienen net wer út 'e flier to krijen, hoe't se 't ek bisocht ha. As men it oerferve, kom it bloed wer troch de ferve hinne.
nl.verhalenbank.12481
35