Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 results
Dutch Keywords: bang mensen
De Feddema's fortelden my us: Wy hienen to murdejeijen west de Godleassingel lâns nei Ikkerwâld út. Dêr wenne âlde Jan Jilderda. By de Jilderda's, dêr koenen se allegear tsjoene. Dy koenen har foroarje yn in kat. Doe't wy oan Jan Jilderda ta wienen, bleau de houn achter ús. Hy doarst net wer by ús wei, net earder as doe't wy in hiel ein fierder wienen.
nl.verhalenbank.19896
Japik Rippert (= Jack the Ripper?) dy hat hjir omswurven. 't Wie in tsjoenster, se wienen binaud foar him, fral de froulju. Hy koe troch de slotsgatten yn 'e hûs komme. De frou fan Jan Nijboer wie sa binaud, dat as se turf helje moest út it achterhûs wei, dan roan se achterstefoar.
nl.verhalenbank.23876
Swarte katten binne tsjoensters. As der froeger in swarte kat op 'e daem siet, doarsten de measten dêr net lâns.
nl.verhalenbank.20707
Dan wie der nòch sa'n famylje yn 'e Kollumersweach dy telde ek nochal hwat tsjoensters. Ien dêrfan wie in man, dêr wienen net allinne de minsken allegear bang foar, mar it fé wie ek deabinaud foar him. Hy hiet fan Ome. Seach er in flinter yn 'e loft omflodderjen, dan wiisde hy der mar even mei de finger nei en de flinter koe him net mear forroere. As ien...
nl.verhalenbank.15752
Foar tsjoenen wienen se eartiids yn Jobbegea tige bang. De lju makken in gatsje yn 'e drompel en dêr dienen se duveldrek yn. De bern droegen duveldrek op 't boarst. As de bern bitsjoend wienen gong men nei Murk gûchlem, de duvelbander fan de Knipe. Bitsjoende bern dy't stoaren, bleauwen slop. Ek in tsjoenster wurdt net stiif, as se dea giet.
nl.verhalenbank.21021
Jehannes koe mei my neat wurde. De measte minsken wienen bang foar him, mar ik net. Dat wist er ek wol. Der wie net in minske dy't letter yn syn hûs doarst, dêr't er yn wenne hie. Net ien woe it keapje. Doe haw ik it kocht foar in sacht pryske en ik bin der yn kaem to wenjen. Doe seinen de minsken: "Dû silst der wol rare dingen yn bileve." Mar ik ha noait...
nl.verhalenbank.38424
Minsken dy't bitsjoend wienen, hienen gauris krânsen yn 't holkessen. Dat wie it wurk fan 'e tsjoenster. Sadré der trije krânsen fol wienen, dan wie deselde dy't bitsjoend wie, dea. De krânsen moasten der úthelle en forbarnd wurde. As men froeger mar in bultsje yn 'e fear fielde, dan woarde it kessen al lostoarnd, fral as der in tsjoenster yn 'e buert...
nl.verhalenbank.20790
In de buurt van Nieuwendam was in vroeger jaren een roover, dien ze maar niet te pakken konden krijgen. Maar op een goeden dag merkten ze dat hij in een herberg te Nieuwendam was en de burgemeester ging er met een stuk of wat dienders op af. Omdat ze bang waren dat hij gewapend was, durfden ze hem niet echter zoo maar te pakken en gingen dus één voor één...
nl.verhalenbank.9401
In forhael fan myn oer-beppe Lieuwkje Bangma dat ik fan myn mem heard ha. Yn 'e earste helft fan de 19e ieu, sa om 1830 hinne tink ik, wenne der yn Woarkum in keapman, dy, sa de minsken seine, tsjoene koe. Hy hjitte Lantinga en kaem wol by oerbeppe har mem oer de vlier. Myn oer-beppe wie berne yn 1825. Sa kaem Lantinga wol to kofjedrinken en helle dan...
nl.verhalenbank.50531
11