Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 results
Dutch Keywords: bang Place of Narration: Houtigehage
Thomas Bruining wie de heit fan Boardzer Bruining. Hy wenne hjir op Houtigehage. Hy seach mear as oare minsken. Op 'e Boelensloane hie âlde Sape wenne; dy wie al jierren wei. Op in joun seach Thomas Bruining Sape by de homeije stean. Hy waerd der sa kjel fan en sa bang dat hy stoude by ús ta 't hûs yn. Heit sei: Ik wol der fuort mei dy hinne om Sape to...
nl.verhalenbank.37680
Alde Hindrik Mulder wie kloklieder yn 'e Rottefalle. Dy woenen se us in kear bangmeitsje. Twa gongen op in joun nei 't tsjerkhôf ta en dêr gong de iene op 'e oare syn skouder stean, tsjin 'e tsjerkemuorre oan. Doe't Hindrik Mulder dat seach, sei er: "Sjonge, ik ha wol ris twa op elkoar sjoen, mar dêr noch noait in trêdden boven op." Doe wie de ûnderste sa...
nl.verhalenbank.23738
Yn 'e Harkema spoeke in man, dy seach der krekt út as wie 't fjûr. Dy kom noait ticht by de minsken.
nl.verhalenbank.24235
Sake Booi wenne njonken Thomas en Klare (dat wienen de âlders fan Boardzer). Sake wie al in pear jier overleden doe kaem Thomas op in joun by ús heit yn 'e hûs stouwen. "O Jan, Jan," rôp er, "Sake stiet yn 'e daem, Sake stiet yn 'e daem!" Hy wie deabinaud en trille as in blêd oan 'e beam.
nl.verhalenbank.31116
Feitse Mud tsjinne by in boer yn Oerterp. Achter Oerterp rint in loane dy giet ek nei Sigerswâld ta en op dy loane spûket it. Dy boer hie in protte bijen en dy woarden elk jier yn 'e nacht nei de heide ta brocht. Dat gebeurde ris wer op in nacht. Doe't de bijen opladen wienen op twa weinen rieden de boer en Feitse Mud togearre fuort. Doe't se op 'e loane...
nl.verhalenbank.37692
In pear wiken letter seach er wer hwat. Doe wie 'k èk by him. 't Wie op Luchtenveld yn 'e buert fan Sipke Lindeboom. 't Wie heldere moanne en der lei snie. Hy seach wèr in spoek. "Sjoch", sei er, en hy seach wol sa binaud. De beantsjes op 'e bou stienen op 'e stûke. Dêr njonken seach er hwat. Hwat it wie bin 'k noait gewaer woarn. Ik ha der hinne west to...
nl.verhalenbank.21631
Us heit Jan Pultrum en myn omke Klaas Weening fan 'e Harkema wienen us in kear by de Bearnedaem op 'e Trije Roede. Dêr spoeke it altyd. Sy wienen mei in foer hea oan 't laden. Doe sei heit tsjin Klaes-om: "Mast dêr us sjen." Doe kom dêr in frouljusholle ta de groun út. En doe woarde dat in hiel frommes. Sy naeiden allebeide hurd út. Doe't se in skoft...
nl.verhalenbank.23728
Skoanheit en syn swager gongen op in joun us togearre om branhout, hwant sy hienen neat mear to stoken. Doe kommen se op 'e Jonkerskampen (fan 'e Trije Roeden nei 't Fean). Dêr spoeke it altyd, waerd der sein. Doe't se dêr goed en wol wienen, sprong skoanheit syn swager ynienen oer de sleat - ja, dat woed er tominsten, mar hy sprong der midden yn, doe by...
nl.verhalenbank.24562
By de Kompenijsterfeart dêr stie in greate âlde boereplaets. Dêr wennen Klaes Tyssens manlju yn, dy hienen in great stel fé. Mar der wie net in feint, dy't dêr by dy manlju wenje woe. Hwant it doogde dêr net. It bêdsté, dêr't de feint yn sliepe moest, wie yn 'e stâl, achter de mjilgong. Alle jounen as de feint yn 'e hûs west hie om to iten, en hy gong op...
nl.verhalenbank.37682
9