Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: bang Place of Narration: Drogeham
Trije jonges fan in jier of fyftsjin kamen ris thús fleanen. Hja wienen alhiel forslein. Hja hienen op 'e Ikkers in kroade sjoen dy kaem út himsels op har ta. En dêr siet in lyts mantsje yn. Dat wie de duvel. En dy hie hiel bot flokt en ketterminte.
nl.verhalenbank.37316
Der hat yn 'e Harkema in keardel wenne dy wie nergens bang foar. "Ik bin foar gjin duvel bang", sei er. Doe moest er op in kear de Skoltepaden lâns. Dêr stie de duvel op in houtsje. Dy hat him opkrige en in hiel ein fuortsmiten.
nl.verhalenbank.37317
Myn skoanheit wie mei syn broer oan 't murdejeien. 't Wie nacht en sy wienen elk oan 'e kant fan in wyk. Doe wie der ynienen in hiele grouwe, swarte houn. It beest hie egen as koallen fjûr. Hy wie nou us by skoanheit, dan wer by dy syn broer. It wie gjin goed spul, skoanheit fortroude it net. Hy tochte dat it de duvel wie. Hy sei: "Ik raem him of ik sjit...
nl.verhalenbank.19916
Oan 'e Skieppedrifte stie in âld hûs. Dêr wenne Japik Visser yn mei syn dochter. Dêr spoeke it. It gebeurde op in kear mei middernacht dat de âld man mei syn dochter by ús op 'e Ikkers oankloppe. Se rekken by ús yn 'e hûs. Hja wienen dwars troch de rogge en alles hinne gong, hwant it spoeke dêr bot dêr't sy wennen. De duvel siet har egael op 'e hielen....
nl.verhalenbank.37243
Japik Visser en syn dochter Antsje wennen yn 'e Harkema. Sy ha ek oan 'e Skieppedrifte wenne ûnder Droegeham. Der wenne ek noch in âld man by harren yn, dat wie Tsjerk. Sy wienen alle trije deabinaud foar de duvel en foar tsjoenderije. Sy mienden om 'e haverklap dat se bitsjoend wienen. Hja hienen yn 'e keamer in kleed spand. Dêr achter wie in hoeke, dêr...
nl.verhalenbank.20049
Guon út 'e Harkema gongen der ris op in nacht op út om iepels to stellen. Sy sieten yn 'e krapte. Sy gongen nei 't lân ta om hwat iepels út to dollen. Sy wienen mei har fjouweren. Ien fan dy fjouwer man krige samar ynienen ien njonken him. Hy seach oerside. Doe blykte dat in hiele grouwe, swarte houn to wêzen. Mei hiele greate, gleone egen seach er de man...
nl.verhalenbank.33200
Der wienen ris trije man, dy soenen ien binaud meitsje. Sy wisten om hokker tiid yn 'e moarn dy man by de muorre fan 'e tsjerke lâns kom. Dêr wie it paed. Sy gongen alle trije boven op elkoar stean tsjin 'e tsjerkemuorre oan en sa wachten se op 'e man. Doe't dy man der oan kom, bleau er stean en sei: "Nou is 't raer. Ik haw wolris trije op elkoar sjoen,...
nl.verhalenbank.33176
7