Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
37 results
Dutch Keywords: bang zondaar
Hanne Foekes wie in Eastemarder. Hy wie de tûkste ielfisker fan syn tiid. Hy fiske faek op 'e Leijen. Hy wenne allinne yn in aekje en geat altyd in ekstra kopke kofje yn foar Jan. Dat wie de duvel. Mar op in kear lei er by de Krúswetters yn 'e buert fan Earnewâld. Doe geat er ek wer in bakje foar Jan yn. Mar doe bigoun 't skipke sa bot to skodzjen, - dat...
nl.verhalenbank.24610
Yn 'e Wylgen wenne in tige ûnforskillich man. Dy biwearde, hy wie foar noch gjin duvel bang. Mar dy wurden hat er bilije matten. De duvel hat him letter smiten. Doe wie er lytsman.
nl.verhalenbank.29647
Hjir yn 'e Pein is ris ien smiten woarn. Dy kom út 'e kroech wei. Hy sei: "Ik bin foar gjin duvel bang." Mar doe pakte de duvel him.
nl.verhalenbank.26994
Yn 'e Harkema hat in timmerman wenne, dy hiet fan Ruerd v.d. Veen. Dy sei: "Ik bin fan 'e duvel net bang." Doe ha se him sa bot smiten, dat hy is der oan stoarn.
nl.verhalenbank.25734
It is yn Feanwâldsterwâl gebeurd dat ien, dy't út 'e kroech kaem en sein hie dat er net bang wie foar de duvel, ûnderweis in ein fuortsmiten woarde.
nl.verhalenbank.29673
Sytse Jager wie ris mei in stik of hwat fan syn kammeraden op 'e Húsloane (de wei nei 't Bomkleaster ta). Hy wie in greate spotter. Dy jouns hied er ek wer forkeard praet hawn en dêrby wied er dronken. Hy woarde ynienen by syn maten weinom en oer de dyk smiten. Dat wie de duvel syn wurk. Dy reis hat him net smakke. Hy hat letter noait wer allinne jouns by...
nl.verhalenbank.32984
Der siet ris in kear yn Beets yn in kafé in man, dat wie in greate spotter. It gong him noait to raer. Hy flokte en brûkte rare wurden, dat it lang net mear moai wie. Doe't it tiid wie fan sluten wie er bang, doe woe er net nei hûs. De kroechbaes sei: "Dû mast der út, ik kin dy hjir fannacht net hâlde." Doe sei er: "Dan wyt ik, dat ik in goed pak op myn...
nl.verhalenbank.28539
Sa likernoch 1890 hienen der guon fan Surhústerfean by ús âlden hjir yn Jistrum west to jounpraten. Yn dy tiid gong alles noch to foet. De man wie nochal hwat rûch yn 'e mûle. Dy jouns hied er by ús sein, hy joech neat om 'e duvel. Soks is nuodlik praet. Underweis gongen se oer de Hamsterpaden nei Readskuorre en sa by de feart lâns nei 't Fean ta. Dêr op...
nl.verhalenbank.25094
Ruerd v.d. Veen wie in raer man. Hy wie nergens bang foar, sei er. Op in joun kom er fan 't Bomkleaster. Dêr hied er timmere. Doe hat de duvel him mei 't bakje mei timmergereedskip en al yn 'e sleat goaid. Dit gebeurde op 'e Skalkepaden.
nl.verhalenbank.29330
Der kom ris in ploechje jongfolk fan 't hurdriden fan Stiensgea. Ien wie in botte spotter. "Ik bin foar de duvel net bang", sei er, en sokke dingen mear. "As hy der is," sei er, "dan kin er mar komme." Doe moesten se fan Blaufallaet nei Surhuzum. Dêr roan in âld paed njonken 'e feart del. Dy iene swearde en swetste mar raek. Ynienen wie dêr in dikke...
nl.verhalenbank.27281
De soan fan Minne Wybenga fan 'e Westerein wie in raren ien. Dy koe 't neat skele hwat er sei. Op in kear hied er yn 'e kroech sitten en allegear ûnfoege wurden brûkt. Doe moest er allinne nei hûs ta yn 'e nacht. Doe't er by hûs wie, moest er oer in bartsje. Mar dêr doarst er net oer, hwant oan 'e oare kant it bartsje flak foar it hûs, lei in swart ding....
nl.verhalenbank.30478
Op in joune let kommen ris twa feinten by de lapskroar wei. Dy wenne oan 'e Tsjerkeloane ûnder de Pein. De iene dat wie in raren, dy hie hiel bot sweard fan foar de duvel net bang en sa. Underweis wie dyselde samar ynienen by de oare feint weipakt woarn en in ein fierder wied er wer delfallen. Doe wied er sa bang woarn, dat hy doarst net mear to praten....
nl.verhalenbank.32655
Ien fan 'e Sumarreheide, dat wie leau 'k in sekere Jehannes van der Zee wie by Sjoerd Piters yn Sumar oan 't wurk. Dêr wied er boerearbeider. 't Wie in greate spotter. Hy flokte en ketterminte altyd dat it raer wie. Hy sei: "Ik bin foar de duvel net bang, as kom er my tomjitte." Op in moarn-bitiid soed er wer nei de boer ta. Hy wie op 'e Hearrewei, op it...
nl.verhalenbank.32645
In âldomke fan my moest us op in joun let nei 't Fean ta. 't Wie in hiele raren ien, in almachtigen keardel, dy't nergens bang foar wie. "Ik bin foar gjin duvel bang", sei er en hy wie sa ûnforskillich as hwat. Hy soe nei pake ta. Underweis, by de Oene Hindriksreed ûnder 't Fean waerd er samar opnom en in ein fuortsmiten. 't Is jierren lyn, dat dat...
nl.verhalenbank.25411
Der wie in man, dy spile yn Feanwâldsterwâl yn 'e kroech op 'e harmoanika. 't Wie in raren-ien. Hy spile de flokwurden. Doe't de saek sluten wurde moest hy rinne fan Feanwâldsterwâl nei Feanwâldsterhoek yn 'e nacht. Underweis waerd er oanfallen troch de duvel. Doe't er thús kaem hat er noait in doar sjoen. Hy is fuort troch de glêzen hinne stoud, sa...
nl.verhalenbank.28483
Heit fortelde: Wibe Alma kom in kear út 'e kroech. Hy hie to folle hawn en forwinske alles. Foar de duvel wied er net bang, hied er sein. Ynienen wie der hwat njonken him lâns gong. 't Wie in persoan. Dy reizge mei him oan hûs ta. Wibe hie skoan yn 'e gaten dat it de kweade wie en hy tocht him sa binaud, dat it swit hie him ta alles út roun. Dy persoan...
nl.verhalenbank.28090
It is ris yn myn tiden gebeurd dat Sytse Jager hwat bileefd hat. 't Gebeurde op in snein-to-joun. Sytse wie in man fan swearen en swetsen; en flokke dat it raer wie. Op in joun wie er mei in ploechje jongfolk der op út, feinten sawol as fammen. 't Wie al hwat let. Se wienen by in heidefjildtsje, dêr wienen sângatten. Sytse sei: "As wie 't de duvel èk,...
nl.verhalenbank.33641
Myn broer Kees soe us op in joun nei de faem ta. Dy wenne yn Feansterheide oan 'e Fjouwer Roede. "As der in duvel is, dan wol 'k him wol us sjen", sei er. Mar doe hied er tofolle sein. De jouns healwei achten gong er nei de faem ta. Hy wie ûnderweis. Doe kom der him ien op side. "Goeije navend", sei Kees. Mar hy krige gjin antwurd. "Goeije navend", sei...
nl.verhalenbank.22174
Mike Ruerd wie in raer man. Op in kear wied er oan 't timmerjen op it Bomkleaster. Doe sei er: "Ik bin foar gjin duvel bang." De jouns soed er nei hûs ta. Hy hie 't ridskipsbakje op 't skouder. Hy roan de Skalkepaedtsjes del om yn 'e Harkema to kommen. Hy moest forskillende houtsjes oer. Doe stie der op ien fan dy houtsjes in juffer. "Rûmte!" sei Ruerd....
nl.verhalenbank.29351
Jehannes van der Zee wie arbeider by Sjoerd Bonnes to Sumar. Jehannes wie de greatste heiden fan 'e heide, dy't oan God noch syn gebot leaude. Op in moarn soed er nei Sjoerd Bonnes ta. Hy roan de Hearrewei net del mar roan de pasterijelânnen oer. Dêr roan in dyk mei hege beammen by it paed lâns. Underweis kaem der ien njonken him. "Goeije Morgen", sei...
nl.verhalenbank.32064
37