Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
32 datasets found
Dutch Keywords: bang Place of Narration: Drogeham
Der spoeke op 'e Ikkers ek in mantsje mei in kroade. Dat wie in hiel lyts mantsje. Guon biwearden dat er swart wie. Guon ha him wol sjoen. Dat mantsje flokte hiel bot. It sil deselde west ha dy't dêr nachts yn dat húske kaem. De measten doarsten net yn dat húske to wenjen.
nl.verhalenbank.37234
As der yn de Ham ien goed siik wie, dan moest er nei 't sikenhûs yn Ljouwert brocht wurde. Tseard de Vries fan Droegeham hie in omnibus, dy brocht sa'n siken dan nei 't sikenhûs ta. Mar in pear dagen letter dan kom sa'n siken-ien meastal to forstjerren. Dan moest it lyk der wer wei helle wurde. Dat wie Tseard syn wurk ek, mar dan moest er in help út 'e...
nl.verhalenbank.20364
Alde Antsje Spoek siet yn 'e rogge of de hjouwer. Dêr woarden de bern bang foar makke, hwant dy mochten der net ynkomme.
nl.verhalenbank.20365
Myn skoanheit wie mei syn broer oan 't murdejeien. 't Wie nacht en sy wienen elk oan 'e kant fan in wyk. Doe wie der ynienen in hiele grouwe, swarte houn. It beest hie egen as koallen fjûr. Hy wie nou us by skoanheit, dan wer by dy syn broer. It wie gjin goed spul, skoanheit fortroude it net. Hy tochte dat it de duvel wie. Hy sei: "Ik raem him of ik sjit...
nl.verhalenbank.19916
In omke fan myn frou en in omke fan my wienen togearre ris op in nacht oan 't murdzjen. Sy soenen nei de Petten ta (ûnder Harkema). Dêr wie in daem, dêr koenen se de hounen noait oer krije. Sy prebearren doe de hounen op 'e earm der oer to dragen, mar de dieren woarden sa lulk, sy moesten se wol loslitte. Op itselde stik lân woenen se op 'e oare ein wòl...
nl.verhalenbank.28908
Piter Terpstra wenne yn 't fierste húske. Soms wie it dêr in freesliken lawaei by him. It doogde dêr net. Dan koe in minske dêr hast net wêze, sa gong it der oan wei. Krekt as in keppel skiep om 'e doar hinne fleach. Dan wie Piter deabinaud.
nl.verhalenbank.37232
By de herfoarme doomny fan Droegeham yn 'e tún stie in húske, dêr stapte nachts altyd in mantsje op 'e mjilling om. Dan stienen de beesten dêr nachts omkeard op 'e stâl, mar de oare moarns wie 't wer goed. Jouns doarsten wy dêr net lâns. Wy gongen dan altyd in oare reed del nei de Ikkers ta.
nl.verhalenbank.37233
Ik ha Hearke syn wiif noch kend. Dat wie âlde Gjetsje. Ik en Bouwe van der Meer wienen us by har, hwant wy boarten wol mei har beppesizzer Klaes Witteveen. Hja wie widdou en al hiel âld. Hja hie in blauwe holdoek om 'e holle. "Lieve berntsjes," sei se, "jimme matte gau fuortgean, hwant aenst hellet it gouden weintsje jim op."
nl.verhalenbank.20361
Oan 'e Skieppedrifte stie in âld hûs. Dêr wenne Japik Visser yn mei syn dochter. Dêr spoeke it. It gebeurde op in kear mei middernacht dat de âld man mei syn dochter by ús op 'e Ikkers oankloppe. Se rekken by ús yn 'e hûs. Hja wienen dwars troch de rogge en alles hinne gong, hwant it spoeke dêr bot dêr't sy wennen. De duvel siet har egael op 'e hielen....
nl.verhalenbank.37243
To Eastemar wenne in faem. Dy har frijer wie stoarn. Dy lei dêr op it tsjerkhôf. Op in joun ljochte dy faem de soan fan 'e boer by by it ôfljochtsjen. Doe waeide it ljocht út. Doe joech dy faem in gjalp. Doe sei de soan: "Bist bang by nacht?" "Och heden né," sei se, "hwer soe 'k bang foar wêze. Ik doar noch wol om 't tsjerkhôf hinne." It wie bûten donker...
nl.verhalenbank.29282
It gebeurde op 'e Ikkers op in joun dat Harm Hamstra bûtendoar kaem en in frommeske seach. Hy miende dat it syn nichtsje wie, in jongfaem fan sa'n tweintich jier: Wytske Hamstra, dy't letter troude mei Elle Wijma fan Eastemar. Hja kaem him yn 'e mjitte. Hy sei: "Bistû dêr noch, Wytske?" Mar dyselde sei neat werom. Ynpleats dêrfan wied er opnom woarn en in...
nl.verhalenbank.37327
Japik Visser en syn dochter Antsje wennen yn 'e Harkema. Sy ha ek oan 'e Skieppedrifte wenne ûnder Droegeham. Der wenne ek noch in âld man by harren yn, dat wie Tsjerk. Sy wienen alle trije deabinaud foar de duvel en foar tsjoenderije. Sy mienden om 'e haverklap dat se bitsjoend wienen. Hja hienen yn 'e keamer in kleed spand. Dêr achter wie in hoeke, dêr...
nl.verhalenbank.20049
Trije jonges fan in jier of fyftsjin kamen ris thús fleanen. Hja wienen alhiel forslein. Hja hienen op 'e Ikkers in kroade sjoen dy kaem út himsels op har ta. En dêr siet in lyts mantsje yn. Dat wie de duvel. En dy hie hiel bot flokt en ketterminte.
nl.verhalenbank.37316
Der hat yn 'e Harkema in keardel wenne dy wie nergens bang foar. "Ik bin foar gjin duvel bang", sei er. Doe moest er op in kear de Skoltepaden lâns. Dêr stie de duvel op in houtsje. Dy hat him opkrige en in hiel ein fuortsmiten.
nl.verhalenbank.37317
Us heit sei froeger altyd, as wy der as bern jouns noch út woenen: "Om healwei achten dan komme de spoeken út Feankleaster, dan binne se sahwat om healwei njoggenen yn 'e Ham. (opm. my is ek wol us forteld, dat se om acht ûre út Feankleaster kommen en om healwei njoggenen yn 'e Ham wienen A.A.J.)
nl.verhalenbank.20045
Dêr't nou it fuotbalterrein is fan 'e kristlike fuotballers (de saterdei-spylders) hat it altyd spoeke. Op 'e hoeke wie in dobbe. Dêr wie altyd lawaei yn dy dobbe. Dêr stie faek in keardel yn. Forskeidene ha him dêr by nacht sjoen. Ik hie in neef, dy doarst dêr noait lâns. 't Wie de Nikus-dobbe.
nl.verhalenbank.28816
Oan 'e Tillewei spoeke nachts altyd in grouwe houn. Dêr doarsten forskeidene lju nachts net lâns.
nl.verhalenbank.21359
It mat yn Eastemar gebeurd wêze. Dêr wenne in faem, dy hâldde in weddenskip mei in pear feinten. Sy soe nei 't tsjerkhôf ta yn 'e nacht en dêr de biezemstok yn it graef fan har forstoarne frijer stekke. Dan koe se in ryksdaelder fortsjinje. Hja gong der hinne. It waeide ta. Doe't se de stok yn it graef stekke soe, fornom se net, dat se der in tippe fan...
nl.verhalenbank.21358
Guon út 'e Harkema gongen der ris op in nacht op út om iepels to stellen. Sy sieten yn 'e krapte. Sy gongen nei 't lân ta om hwat iepels út to dollen. Sy wienen mei har fjouweren. Ien fan dy fjouwer man krige samar ynienen ien njonken him. Hy seach oerside. Doe blykte dat in hiele grouwe, swarte houn to wêzen. Mei hiele greate, gleone egen seach er de man...
nl.verhalenbank.33200
Der wienen ris trije man, dy soenen ien binaud meitsje. Sy wisten om hokker tiid yn 'e moarn dy man by de muorre fan 'e tsjerke lâns kom. Dêr wie it paed. Sy gongen alle trije boven op elkoar stean tsjin 'e tsjerkemuorre oan en sa wachten se op 'e man. Doe't dy man der oan kom, bleau er stean en sei: "Nou is 't raer. Ik haw wolris trije op elkoar sjoen,...
nl.verhalenbank.33176
35