Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 results
Dutch Keywords: angst Place of Narration: Harkema
Wy wienen froeger altyd bang foar in swarte kat. Hwant dat koe wolris in tsjoenster wêze. Alle Tet koe har yn in kat foroarje. Sy ha in kat alris hiel bot slein, doe wie Tet de oare deis hielendal blau west om 't gesicht.
nl.verhalenbank.32745
Op 'e Skieppedrifte wienen 't by âlds allegear tsjoensters. Rikele Tsjerks (famylje fan Sterke Hearke) hie nachts in gripe by 't bêd stean. Op in kear wienen 't allegear swarte kaën by him yn 'e hûs. Doe doarst hy der net yn om 't iten fan 't fjûr to heljen. Dat liet er forbrânne.
nl.verhalenbank.23445
Alde Sytse Durkje wie ek in tsjoenster. Dêr gongen wy as bern allegear foar op 'e loop.
nl.verhalenbank.17561
Doe't ik sa'n jonge wie en wy noch op 'e Hamster Ikkers wennen hienen wy jouns in bulte lêst fan katten om 't hûs hinne. Wy doarsten der soms alle trije net iens út to pisjen. De katten fleagen by ús doarren op en by omke en dy's krektgelyk. Op in joun doe leinen wy al op bêd. Doe gong it der wer sa oanwei mei de katten, dat heit fljocht fan bêd ôf en hy...
nl.verhalenbank.21645
Alle Tet op 'e Bulten wie blau om 'e holle. Dêr koe men oan sjen dat in tsjoenster wie. Sy bitsjoende faek bern. Dan hienen se krânsen yn 'e kessens. As bern wienen wy binaud foar har. As wy har oankommen seagen, naeiden wy hurd út.
nl.verhalenbank.19526
Alde Ruerde Maei gong foar in tsjoenster troch. De bern fan 'e skoalle wienen deabinaud foar har. Net ien doarst in apel fan har op to iten, hwant sa'n apel foroare yn in kikkert, seinen se.
nl.verhalenbank.22227
Hjir yn 'e Harkema wenne in feint, dy kom op in nacht fan 'e froulju werom. It wie sahwat 2 ûre en ljocht waer. Doe't er de doar achter him ticht die, seach er in lyts famke. Hy tocht dat it syn susterke Tryn wie. "Soest my ophelje, Tryn?" frege er. Mar sy sei neat. Sy gong deselde kant út dy't hy út moest, mar sy bleau in eintsje foar him op rinnen. Doe...
nl.verhalenbank.15531
Alde Fogel wie ek in tsjoenster. Frearke Fogel woarde se neamd. Doe't se dea wie en biklaeid woarde wie se hielendal slop. Hja forkocht baelders. Wy trillen der oer as wy nei har ta moesten. Mem warskôge ús en sei: "Tink der om, nim noait in suertsje of sa fan har oan!"
nl.verhalenbank.23943
Us beppe wie froeger tsjinstfaem. Op in kear roan se mei noch in oar famke even nei hûs ta. 't Wie op in joun. Dat famke praette nochal lûd. Doe sei beppe tsjin har: "Wy matte net sa lûd prate, hwant ús Hindrik wyt alles as ik thús kom, hwat wy tsjin elkoar sizze." Doe hie se sein: "As wy wer prate, mast ris achter ús sjen, hwant dat is ús Hindrik, dy't...
nl.verhalenbank.23528
By de Hoantsjetún (yn 'e buert fan 'e Lauwers, tusken Surhústerfean en Grinzer Pein) dêr wenne myn omke, dy't klompmakker wie. 't Wie dêr altyd fleurich. Hja kaertspilen dêr elke joun en as der gjin stuollen genôch wienen, dan gongen se op 'e turfbak sitten. Op in joun kom der in dikke siperske kat yn. Heit kriget de kat en seit: "Dû der út!" Even letter,...
nl.verhalenbank.20162
10