Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
14 results
Dutch Keywords: alcohol toverij
By Sjoerd en Tryn op 'e Sumarreheide gong it altyd op in kaertspyljen. Sjoerd siet fol fan flokwurden. Hy stjûrde samar in kaert út en in lege flesse en dan sette de duvel even letter in flesse drank op 'e reinwettersbak del.
nl.verhalenbank.19781
Mei Klaverboer kinne guon in flesse drank komme litte. Dy drank komt fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.29680
Troch bimiddeling fan skoppenboer kin men in flesse jenever komme litte. Dat is jenever fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.22996
Skoppenboer wie de duvel. Dêr koe men in flesse drank mei krije. 't Earste romerfol moest men oer 't linker skouder fuortsmite. Dat wie èk foar de duvel.
nl.verhalenbank.22688
Dy't in flesse jenever ha wol kin dy fan 'e duvel krije mei bihelp fan Skoppenboer. Op in kear sieten der in pear lju by elkoar. Dy woenen ek in flesse drank ha. Hja bounen skoppenboer mei in toutsje oan 'e hals fan 'e flesse. Doe kaem der ien oerein en dy joech de flesse by de doar oan. 't Wie in lege flesse fansels. In oaren moest bilove, dat hy de...
nl.verhalenbank.30584
Om in flesse drank to krijen moesten jy hartenboer fuortstjûre. Ien goaide de kaert bûten. Even letter kaem der dan in flesse drank. Deselde dy't de kaert fuortgoaid hie mocht de flesse net oannimme. It earste romerfol waerd fuortsmiten oer 't linker skouder. "Dêr, duvel, dat is foar dy", seinen se dan.
nl.verhalenbank.31121
Reid Keuning hie wol faek hwat to folle op. Hy wie fytsmakker en wenne yn Koatstertille. As er tofolle buorrels op hie nom er meastal minsken mei yn 'e hûs. Faek jongfolk. Dan sei er: "Kom op, duvel." Dan kommen der soldaetsjes út 'e hurddobbe tofoarskyn. Hy liet ek samar in flesfol drank komme.
nl.verhalenbank.20055
Reid Keuning fan 'e Tille koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dy liet er dan op 'e tafel marsjeare. Hy koe ek in flesse drank komme litte mei in kaert. 't Wie spiritisme, duvelskunsten.
nl.verhalenbank.20367
Minse Griper wie duvelbanner. Dy koe jin stilstean litte. Jouns stjûrde er in spylkaert út: Skoppenboer. Dan liet er in flesse drank komme, mar dy mocht er sels net oankrije. Sibe Bos fortelde 't my. Dy hie der by west. "Nou matte jimme dy flesse even oankrije", hied er sein. De flesse sweefde yn 'e keamer om. Net ien doarst it to dwaen. Doe woarde Minse...
nl.verhalenbank.24702
Guon lieten mei skoppenboer in flesse drank komme. Dat wienen duvelskunsten. Der gong in lege flesse fuort en der kaem in folle flesse werom. Deselde dy't de lege flesse mei de kaert der oan weiset hie mocht de folle flesse net oannimme; dat moest ien fan 'e oaren dwaen. Waerd dat net dien, dan gong it raer mei deselde dy't de lege flesse oerjown hie. It...
nl.verhalenbank.29940
Egbert Sint fan 'e Harkema roan altyd to nijjiersroppen. Hy wie wol us smoardonken. Se seinen dat er in wikseldaelder hie. Hwant hy hie noait forlet fan jild. Hy koe ek soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte.
nl.verhalenbank.21856
Ik siet us in kear yn 'de Lauwers', dat is in kroechje, even bûten Surhústerfean. 'k Wie achttsjin jier âld. Doe kom der in ploechje Grinzers oan. 't Wienen trije man. Dy koenen duvelskunsten. Ien sei tsjin my: "Hwat kaert hast yn 'e holle? Dêr mast oan tinke." It wie harten acht, mar dat sei 'k net fansels. Doe smiet er in hiel pakje kaerten tsjin 'e...
nl.verhalenbank.22076
Minse Griper en Tryn Snipel wennen oan 'e Spekloane. Tryn wie kaertlizter en Minse wie duvelbander. Wy hienen dêr lân. Om dêr to kommen moesten wy achter har hûs lâns. Heit hie ús bang makke foar Minse. Wy wienen trouwens altyd bang, fral jouns as it tsjuster wie. Doe't ik âlder wie siet ik us op in kear by Minse. Minse sei: "Soenen jim wol in buorrel...
nl.verhalenbank.25214
Der wie in feint, dat wie in spotter en in rarenien. Hy siet op in joun yn selskip mei oaren. Syn suster wie der ek by. "Wy sitte hjir op in droochje", sei er. Wy matte mar in flesfol ha. Ik lit even ien bringe." Doe die er in briefke oan in lege flesse en sette dy om 't hoekje fan 'e doar. Even letter gong de doar iepen en dêr kaem de folle flesse...
nl.verhalenbank.19845
14