Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
91 results
Dutch Keywords: afweer duivelsdrek
Nachtmerjes wurde keard troch duveldrek ûnder 'e drompel to dwaen, of in lapke mei duveldrek op it boarst lizze.
nl.verhalenbank.15518
In nachtmerje wie in frommeske dat oare minsken pleagje moest. Se kom meastal troch 't kaeisgat. Om har to kearen die men duvelsdrek ûnder 'e drompel en de toffels omkeard foar 't bêd.
nl.verhalenbank.17056
Sy leinen by ús ûnder 'e drompel duveldrek. Dan koe Rikele Myt der net oer komme. Wy hienen ek duveldrek yn in pûdtsje op 't boarst. Dat wie ek om net bitsjoend to reitsjen. Duvelsdrek woarde ek wol as genêsmiddel brûkt.
nl.verhalenbank.29398
Soms sieten de bargen ûnder de kweade minsken. Dan wienen se bitsjoend. Men moest goed oppasse hwa't men by de bargen liet. Net elkenien wie dêrby fortroud. Wienen de bargen bitsjoend, dan tarden se út. Dan joech it fretten har neat mear. Men moest in pûde mei duveldrek foar de trôch hingje, dat holp. Meastal wie de tsjoenster fan 'e bargen in man. Soms...
nl.verhalenbank.30088
Yn Broeksterwâlde is 't wol gebeurd dat bern bitsjoend waerden. Dan dienen se duveldrek ûnder 'e drompel. De âlde buorfrou mocht der net wer komme. Wie der ien bitsjoend, dan gongen se nei de duvelbanner. Dan founen se krânsen yn 'e kessens, dy wienen prachtich troch elkoar flechte. Dy krânsen waerden forbrând.
nl.verhalenbank.30862
As in koe of in skiep sa siik wie, dan gongen se ek nei de duvelbanner. Dan krige sa'n dier yn 'e measte gefallen in pûdtsje mei duveldrek om 'e hals oan in eintsje tou. Dan hie de tsjoenster gjin fet mear op it beest.
nl.verhalenbank.20524
Yn 'e Harkema wennen froeger tsjoensters. Hast alle lju hienen wol duveldrek ûnder 'e drompel of ergens oars yn 'e hûs. Dat kochten se by David de Vrieze yn Drachten. Dy sei op in kear, doe't der wer ien kom om duveldrek: "Jo matte even geduld dwaen, de duvel sit noch op 't húske."
nl.verhalenbank.19921
Fokke Wiersma syn mem wie in tsjoenster. It minske hie in reade noas en reade eagen. Piter Tjeerdsma hie trije dochters. Ien dêrfan wie dôfstom. Dy woarde siik en doe founen se in krâns yn har holkessen. It fanke wie bitsjoend. Sy dienen duveldrek ûnder 'e [drompel] mar dat joech neat. It bern woarde net better. Doe gongen se nei de duvelbanner fan Earne
nl.verhalenbank.17065
It gebeurde hjir yn 'e Boelensloane wolris dat der ien in krâns yn 't kessen hie. Dyselde wie dan bitsjoend. Dat hie in tsjoenster dien. Dy persoan woarde siik en sy gongen nei in duvelbander ta om guod tsjin dy tsjoenster. Dat wie meastal duveldrek. Dat leinen se dan ûnder 'e drompel. Sy droegen it ek wol op 't boarst (duveldrek wurdt nòch wol brûkt; 't...
nl.verhalenbank.32781
Yn Noardermar dienen de minsken faek duveldrek ûnder 'e drompel om gjin tsjoensters yn 'e hûs to krijen.
nl.verhalenbank.31242
Wy hienen yn 'e Houtigehage altyd duveldrek ûnder 'e drompel fanwege de beide tsjoensters Jeltsje en Lutske.
nl.verhalenbank.20112
Om in tsjoenster to kearen dienen se duveldrek ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.22255
Se leinen froeger duveldrek ûnder 'e drompel tsjin 'e tsjoensters. By de boeren hienen se duveldrek oan 'e bûtenkant fan 'e waeitonne.
nl.verhalenbank.30537
Wol men tsjoensters keare, dan mat men duveldrek ûnder 'e drompels dwaen.
nl.verhalenbank.24344
Op 'e Wâl hienen froeger de measte minsken duveldrek ûnder 'e drompels. Dat wie in bifeiligingsmiddel tsjin tsjoenderij.
nl.verhalenbank.17088
Se dienen froeger duveldrek ûnder 'e drompels. Dêr koe de tsjoenster net oerhinne komme.
nl.verhalenbank.29793
De boeren hienen tou om in stik duveldrek hinne en dat hongen se yn 'e sûpfetten fan 'e keallen. It hiet dan dat dy dan gjin keallesykte krigen, mar se ha my ek wolris forteld dat se dan net bitsjoend waerden.
nl.verhalenbank.31532
Nachtmerjes koe men keare troch de toffels achterstofoar foar 't bêd to setten. Om tsjoensters to kearen lei men duveldrek ûnder 'e drompel. Dan koe de tsjoenster der net oerhinne komme.
nl.verhalenbank.29633
De lju yn Broek hienen froeger duveldrek foar de drompel, dan koenen de tsjoensters der net oer komme.
nl.verhalenbank.19911
Alle lju yn 'e Harkema hiene duveldrek ûnder 'e drompel fan 'e doar. Dat wie om 'e tsjoensters. Dy koenen der dan net oer komme.
nl.verhalenbank.20389
91