Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Doe't ik in famke wie wennen wy yn Houtigehage.
Ik moest elke dei iten bringe nei in omke fan my, dy arbeide by mynhear Bogaerts. Dat wie in hiel ein rinnen.
Op in kear doe kom ik werom. Doe wie der in âld wyfke.
"Och heden, berntsje," sei se, "hwat mastû alle dagen in ein rinne. Hjir hast in apel."
't Wie in hiele moaije apel, mar ik doarst him net op to...
nl.verhalenbank.25618
Yn Almelo, yn 't loazjemint, wie in âlde Westereinder. Die koe mei skoppenboer in flesse drank komme litte.
Deselde dy't mei him wedzje woe, moest de flesse oankrije. De flesse kom binnensweven. Dy oare hie him oankrigen. Hie er dat net dien, dan gong de Westereinder dea.
nl.verhalenbank.25578
Wy mochten neat fan Rikele Myt oannimme. As de minsken in fremde kat seagen, seinen se: "Tink derom, dat is Myt." As hja skeind wie seinen se: "Sjoch, sy hat fannacht wer in klap hawn."
nl.verhalenbank.37932
Minse Griper en Tryn Snipel wennen oan 'e Spekloane. Tryn wie kaertlizter en Minse wie duvelbander.
Wy hienen dêr lân. Om dêr to kommen moesten wy achter har hûs lâns. Heit hie ús bang makke foar Minse.
Wy wienen trouwens altyd bang, fral jouns as it tsjuster wie.
Doe't ik âlder wie siet ik us op in kear by Minse.
Minse sei: "Soenen jim wol in buorrel...
nl.verhalenbank.25214
Wy mochten fan Rikele Myt noait in apel opite, hwant dy apels wienen bitsjoend. Dan krigen wy in pod of in kikkert yn 't liif.
nl.verhalenbank.26041