Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
48 datasets found
Dutch Keywords: aannemen krijgen
Doe't ik in famke wie wennen wy yn Houtigehage. Ik moest elke dei iten bringe nei in omke fan my, dy arbeide by mynhear Bogaerts. Dat wie in hiel ein rinnen. Op in kear doe kom ik werom. Doe wie der in âld wyfke. "Och heden, berntsje," sei se, "hwat mastû alle dagen in ein rinne. Hjir hast in apel." 't Wie in hiele moaije apel, mar ik doarst him net op to...
nl.verhalenbank.25618
Dy't in apel fan in tsjoenster oannimt kriget in pod yn 'e mage.
nl.verhalenbank.21481
Stammerige Harm hie in wikseldaelder. Dy hie er fan 'e duvel. Se seinen, dat er ryk wie. As er hwat kochte foar in goune, gong dy altyd wer nei him ta. In dûbeltsje of in kwartsje net. Dy koenen jy gerust fan him oannimme, mar noait in goune, hwant dy wienen je even letter wer kwyt.
nl.verhalenbank.29817
In tsjoenster hie de macht har to foroarjen yn in swarte kat. Hwat men fan har krijt om op to iten kin soms yn in pod foroarje. It mat ris gebeurd wêze dat ien in apel fan in tsjoenster krige. Dêr die er in hap út en dat spuide er út. Doe biwarre er dy apel yn in kop. Doe wie letter dy apel foroare yn in pod, mar dy pod hie in gebrek. Dat kom, trochdat...
nl.verhalenbank.33290
Krijt men hwat fan in tsjoenster en men berget it op, dan wurdt it in pod.
nl.verhalenbank.25960
Krige men in apel of in woartel fan in tsjoenster en men lei dy ûnder in kop, dan wie 't de oare moarns in pod of in kikkert.
nl.verhalenbank.24101
In apel fan in tsjoenster foroare yn in pod. Iet men sa'n apel op dan krige men in pod yn 't liif en dan gong men dea, wie 't sizzen. Se seinen froeger: "Net op in pod of in slak traepje, hwant dan bigjint it to tongerjen."
nl.verhalenbank.27390
Der wurdt wol sein, dy't fan in tsjoenster hwat opyt kriget in pod yn 't liif. Mar dat giet net altyd op. Myn wiif krige ris in kear twa apels fan in tsjoenster. Doe wennen wy al yn 'e winkel. Doe hat se dy apels yn in stopflesse dien, mei 't lid der op. De apels binne gewoan opdroege. Wy hienen fêst forwachte dat it podden wurde soenen.
nl.verhalenbank.33130
By uzes thús hienen wy altyd duveldrek ûnder 'e drompel. Ien dy't dêr net oerhinne komme koe, wie in tsjoenster. Fan in tsjoenster moest men neat oannimme. Iet men hwat fan in tsjoenster op, dan wie de kâns great, dat men bitsjoend wie.
nl.verhalenbank.29554
Alde Hâns Ale wenne ek yn 'e Harkema. Dat wie in biruchte tsjoenster. Dy bakte altyd pankoeken en dêr fangde se de bern mei. As dy bern sa'n pankoek opieten, dan bigongen se to spuijen. Dan spuiden se allegearre slangehûden út.
nl.verhalenbank.33295
Heksen: De kinderen werden altijd door de ouders gewaarschuwd, zich verre van een heks te houden, en daar niets van aan te nemen, bv. een appel, pruim of noot. Had men zo iets van een heks gekregen, dan kon men de boze invloed daarvan uitschakelen, door er een kruisje in te snijden.
nl.verhalenbank.69428
Myn frou hie in winkeltsje yn 'e Westerein. Skean foar ús oer wenne in âlde frou. Dy hie in dochter, dy wenne fierderop, dy hie hwat buorkerije. Dêr krige se wolris skjipmolke fan. Dat fortelde se myn frou doe't se by ús yn 'e winkel wie. "Jonge," sei myn frou, "dan kinne jo lekker kofjedrinke." "Ja," sei se, "dat is ek sa. Wolle jo ek wolris hwat ha?"...
nl.verhalenbank.33083
Trapet ien op in pod, dan bigjint it to tongerjen. Krijt ien in apel fan in tsjoenster, dan foroaret dy yn in pod. As ien hwat fan in tsjoenster opiet, dan woarde er siik.
nl.verhalenbank.25554
As in tsjoenster in bern in apel of sa joech en it bern iet dy op, dan krige it in pod of in slak yn 't liif.
nl.verhalenbank.32969
Wy mochten froeger net hwat oannimme fan âlde Antsje Pod. Hwant krige men in apel fan har en men lei dy yn 'e dôfpot, dan foroare dy apel yn in pod.
nl.verhalenbank.29344
Kriget men fan in tsjoenster in apel, dan foroaret dy yn in pod. Ek wol yn in kikkert. In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Ik haw in frou kend, dy wenne yn Ychten. Dy sei dat de winkelman hie har bitsjoend. It sloech har altyd sa yn 'e kop om. Doe kocht har man har in polkemûtse. Dy haw ik him levere. Mar de winkelman wie de tsjoenster.
nl.verhalenbank.28363
Us mem fortelde, hja hie us in apel krige fan Alle Tet. Mem biet der yn. Doe sei Hindriks Janke (dy't mei de helm geboaren wie) tsjin har: "Saek, Saek, dat mast noait wèr dwaen. Hiest ek wol yn in pod bite kind!" Dan hie mem forgiftige west en yn 'e macht fan 'e tsjoenster.
nl.verhalenbank.28160
Kreeg je een appel van een old mins en dat olle mins was een tsjoenster en je lei die appel in een kast, dan was die appel een poar dagen loater feranderd in een spin.
nl.verhalenbank.27319
Ik haw wol ris heard, nim fan in tsjoenster noait hwat oan, dan kin se jo ek net bitsjoene.
nl.verhalenbank.23803
In apel fan in tsjoenster foroare yn in pod. Fan Rikele Myt doarsten wy noait hwat oan to nimmen.
nl.verhalenbank.27536
35