28 results
Dutch Keywords: broer
In wearwolf, dat wie krekt sa'n ding as in nachtmerje. In wearwolf kom by de manlju, in nachtmerje by de froulju. Ien fan sawn bruorren wie in wearwolf, ien fan sawn susters in nachtmerje.
nl.verhalenbank.20388
In wearwolf is in minske, dy forropt de boel. 't Is ien fan sawn jonges (7 bruorren). As er wer sa'n kuer krijt, dat er hwat forskuorre mat, mat men him in âld skelk of sahwathinne tasmite. Us mem sei, dan gebeurde 't wol dat him even letter de triedden ta de mûle úthongen. As men sa'n ien seach, dy't triedden ta de mûle út hie, koe men der fan op oan dat...
nl.verhalenbank.33002
Ien fan sawn soannen dy't op elkoar folgje is in wjerwolf.
nl.verhalenbank.23535
Fan sawn soannen is der ien in wjerwolf.
nl.verhalenbank.27603
In wjerwolf is ien fan sawn opelkoar folgjende jonges, wurdt der altyd sein.
nl.verhalenbank.25993
In wjerwolf is ien fan sawn manlju. Sy hoege net opelkoar to folgjen as soannen. Sa'n wjerwolf mat ienkear yn 'e sawn jier in minske opite. Dat docht er èk. Binne der sawn jonges yn in gesin, dan sit der wis ien ûnder.
nl.verhalenbank.25546
Fan 'e sawn dochters wie ien in nachtmerje. Fan 'e sawn soannen wie ien in wjerwolf.
nl.verhalenbank.19322
Ien fan sawn opienfolgjende dochters is in nachtmerje. Ien fan sawn opienfolgjende soannen is in wearwolf.
nl.verhalenbank.19694
Ien fan sawn dochters is in nachtmerje. Ien fan sawn soannen is in wjerwolf.
nl.verhalenbank.24107
Fan sawn famkes is de middelste in nachtmerje, fan sawn jonges is de middelste in wjerwolf.
nl.verhalenbank.32919
By sawn jonges yn ien húshâlding is in wjerwolf. By sawn famkes út ien húshâlding is in nachtmerje.
nl.verhalenbank.36417
Ien fan sawn soannen is in wjerwolf, mar dan matte se op elkoar folgje. 't Is de jongste of de âldste.
nl.verhalenbank.26201
Fan sawn jonges is ien in wjerwolf. Fan sawn famkes is ien in nachtmerje. In nachtmerje komt troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.33428
Fan ien fan 'e sawn dochters, dy't op elkoar folgje, sûnder jonges der tusken is de âldste of de jongste in nachtmerje. Fan ien fan 'e sawn soannen is ien in wjerwolf.
nl.verhalenbank.23774
Ien fan sawn op elkoar folgjende dochters is in nachtmerje. Hja komt troch 't slotsgat yn 'e hûs. Ien fan sawn op elkoar folgjende soannen is in wjerwolf.
nl.verhalenbank.27570
As der acht jonges wienen, dy't op elkoar folgen yn in húshâlding, dan wie ien fan dy acht in wjerwolf. Dat wie ien dy't noait sêd koe, dy't neat fan ûnpas kom.
nl.verhalenbank.28045
Ien fan sawn susters dy't op elkoar folgje, is in nachtmerje. Ien fan sawn bruorren in wjerwolf.
nl.verhalenbank.19881
In wjerwolf is in manspersoan, - meastal in jongkeardel -, dy't op in hynder rydt. Hy pleaget dat hynder, krekt as in nachtmerje de minsken. 't Is ien fan sawn bruorren. Ik ha wol ien kend, dy wenne yn Warffum.
nl.verhalenbank.28067
In wjerwolf wie in man of in jonge, dy't noait sêd koe. Hy iet samar twa poun spek op mei fiif kop jierpels der by en in panne fol brij achteroan. En dan wied er nòch net sêd. In wjerwolf is de jongste fan sawn jonges.
nl.verhalenbank.27369
Durk Laurens wie stuolwynder. Hy kom fan Boelensloane. Hy hie galanteryën ensa to keap. Dy kom wol by ús yn 'e Tynje. Dy fortelde ús, fan 'e sawn opelkoar folgjende dochters wie ien in nachtmerje. Dy koe troch 't kaeisgat by de minsken yn 'e hûs komme. Fan 'e sawn jonges wie ien in wjerwolf.
nl.verhalenbank.23800
28