Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Place of Narration: Harkema
De frou fan Kees Alma kin knoffelbânlizze as ien syn foet forknoffele hat. Har mem koe 't ek. Hja seit der in spreuk by op.
nl.verhalenbank.32638
As men trije kear achterelkoar "ja" sein hat, sûnder ien wurd der tusken, dan is men bitsjoend. Alle Tet, yn 'e Harkema, wie in tsjoenster. Sy forkocht potlidden.
nl.verhalenbank.15534
Yn 'e Hamster Pein wenne in boer dy ried by winter op 'e Wide Pet op redens. Doe hearde er dêr út in wek in stim weikommen: De tijd is verschenen, de man is er niet. Gauachtich dêrnei kaem der in man oanriden dy't yn dat wek ried.
nl.verhalenbank.17546
Ruerd van der Veen koe mear as sljochthinne. Hy en syn wiif soenen us jounpraters ha, mar dêr gong in heftigen rûzje oan foarôf. As Ruerd lulk wie, die er it raer. Dan wie der gjin hûs mei him to hâlden en sloech er alles koart en klien. Sa hied er ditkear alle théguod oan diggels slein. It stie der slim foar. It wiif skriemde, hwant der wie net in reauke...
nl.verhalenbank.16907
Woe men in wikseldaelder ha, dan moest men trije kear mei in swarte kat yn in sek om it tsjerkhôf hinne rinne. Alle trije kearen moest men sizze: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?" De trêdde kear woarde de kat jin ôfnaem en krige men der in wikseldaelder foar. Mar dan wie men oan 'e dûvel forkocht. Edzer Sint, seinen se, hie 'n wikseldaelder.
nl.verhalenbank.19990
Ik hie us warten op 'e hân, doe gong ik dear mei nei Willem Pyk. Dy gong der mei de hân oer hinne en mûlke der hwat by. "Hwat seit Willem dear?" frege ik. "Dat mei 'k dy net fortelle", sei Willem. In pear dagen letter wienen de warten fuort.
nl.verhalenbank.15665
Alde Sije wenne by de Liuwepoel yn 'e Harkema. Dy hie him oan 'e duvel forkocht. Hy wie mei in swarte kat trije kearen om 't tsjerkhôf hinne west en alle trije kearen hied er roppen: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?" Doe hied er in wikseldaelder krigen. Alde Sije wie hielendal blau om 'e kop. Dat kaem fan 'e drank. Hy koe safolle drank keapje as...
nl.verhalenbank.22230
Om 'e sawn jier moat der ien fan 'e frijmitselders dea. Dêr wurdt om lotte. Hja stjerre ûnforwacht. Frijmitselders ha in wikseldaelder. Hja ha gjin forlet fan jild. Hja krije in troffel mei yn 'e kiste. De frijmitselders hingje in lears op mei de soale der út. De duvel smyt dêr jild yn. Hoe krije se in wikseldaelder? Mei in kat op 'e earm geane se nei de...
nl.verhalenbank.17529
8