Dataset extent
nl.verhalenbank.38696
By ús heit syn âlden kom alle jounen in dikke houn, dy lei de foarste poaten op 't finsterbank en dan seach er mar nei 't bern, dat dêr yn 'e hoeke yn 'e keamer lei. As heit der út gong wie de houn wer fuort. Dy houn dat wie in tsjoenster, dy hie 't bern bitsjoend. Pake en dy wennen yn 't hûs, dêr't nou Ritske Bekkema wennet, oan 'e Bethlehemsreed, hjir yn 'e Boelensloane.
It bern wie bitsjoend. It kessen woarde iepentoarnd. Dêr sieten krânsen yn. Yn dy krânsen sieten allegearre stikjes guod fan 'e klean dy't it bern oan hie. Doe ha se nei de duvelbander west.
Dy sei, der koe gjin help mear bate. Sy kommen to let.
Alle doarren moesten ticht dien wurde, ek de kaeisgatten en de fearrene krânsen moesten se opbrânne. En sy moesten duveldrek foar de drompel lizze.
Mar 't joech neat mear. It bern is stoarn.