Dataset extent
nl.verhalenbank.38687
Sipke Albert gong nachts faek nei de Feanster boat nei Ljouwert en Grins ta. Onderweis sprong him op it plak dêr't Gietema wennet in dier op 'e rêch en dat lei him de poaten op 't skouder. Dat dier wie tige swier. Dan moest er dat dier meidrage oan 'e AVEK ta. (dêr't de Warreboskloane bigjint). Dan gong 't wer fan 'e rêch ôf. Dan spielde Sipke fan swit. Sa'n angst hied er. 't Wie in pleachbeest.
Alle kearen as er nei de Feanster boat gong, gebeurde dat.