Dataset extent
nl.verhalenbank.38622
Der wenne in sekere Roel Postma yn 'e Westerein. Dat wie in timmerman en oannimmer. Dy hat in protte huzen boud. Mar hy makke it lêste hûs dat er ûnder hannen hie, noait ôf. Hwant as er dat die, wie er dea, seinen se.
Dy man wie in frijmitseler.
As er in nij hûs boude, dan makke er it foarige earst ôf, en sa gong it altyd. Der wie altyd ien hûs, dat net ôfmakke wie.
Hy boude in tsjerke yn 'e Westerein. Doe sei er: "De glêzen matte mar net al to heech, dan kin der altyd in timmerwinkel fan." Sa'n spotter wie 't.
Ien dy't by de frijmitselers wei giet, giet dea.
De duvel rêdt mei him.
Alle frijmitselers ha in wikseldaelder.