Dataset extent
nl.verhalenbank.38619
Myn pake dat wie Piter Bosma, dy wie plysje yn Feankleaster. Gemeenteplysje. Jouns 12 ûre moesten alle café's yn 'e gemeente sluten wurde. Dan reizge hy by al dy café's lâns, en yn elk café traktearre de kastlein him op twa buorrels. Hy naem op 'e hinnereis de iene kant fan 'e wei, op 'e weromreis de oare.
De café's koenen dan fansels krektsalang iepen bliuwe as se mar woenen. As pake thúskaem hied er in goed stik yn 'e kraech. Sokke dingen typearren him. Dêrby joech er om God noch syn gebot. It wie in greate flokker en spotter.
Op in kear wie er op 'e Mûntsewei by Feankleaster.
It waeide in stoarm. Hy woe 't âld pypke opstekke. Dêr brûkte er de tonderdoaze by. Mar trochdat it sa hurd waeide koed er noait de brân der yn krije.
Doe hat er it dêr raer dien en mâl opsein, dêr op 'e Mûzewei. Hy hat alles forwinske en forflokt en dien.
Mar doe stie der ynienen in hiel moai frommes foar him mei in koaltsje fjûr. Hja sei: "Bosma, stek oan."
Mar Bosma biskiet him.
As er mei dat koaltsje fjûr syn pypke oanstutsen hie, wie 't syn dea west. Hwant it wie de duvel sels dy't by him stie.