Dataset extent
nl.verhalenbank.38618
Yn 'e Westerein wie ik frachtrider. Ik hie in feint op myn auto, dy hiet Sikko Klaver. Dat wie in earste raren. It koe him neat skele hwat er sei. Mendei-to-moarns hied er net in dûbeltsje mear yn 'e bûs. De sneins hied er syn hiele wyklean forsûpt. Hy sei: Ik bin foar gjin duvel bang, en al sokke dingen mear.
Mar doe hat de duvel him pakt. Dy hat him yn in stûpe smiten, tsjin 'e doar oan. Hy wie mear dea as levend, sa'n reis hat er makke. Doe't dat gebeurde, hat er noait ien sjoen.
Mar hy sei letter net wer, dat er foar gjin duvel bang wie.