Dataset extent
nl.verhalenbank.38610
Knjillis Veenstra fan Kollumersweach seach alles foarút. Hy hat foarút sjoen dat syn eigen dochter forsûpte. Har lykstaesje seach er ek. Hy wie mei de helm geboaren.
As se dy helm fan foaren nei achteren ôflûke, gebeurt der neat. Mar lûke se him fan achteren nei foaren ôf, dan mat sa'n ien letter alles sjen.
As der foar him in lykstaesje to sjen wie, siet er altyd achter in hekke fan in stik lân.
Hy roan lange einen om by sa'n lykstaesje to kommen.
De hekken gongen fansels foar him iepen.