Dataset extent
nl.verhalenbank.38538
Frijmitselers binne minsken, dy't har oan 'e duvel forkocht ha. Dy't ienkear frijmitseler is mat it altyd bliuwe. As se stjerre giet it raer. Se krije in freeslike dea.
Wolle se by har folkje wei, dan draeit de duvel har de nekke om.
Se ha altyd wol sinten. Reitsje se op, dan hingje se de lege ponge mar oan 'e kruk fan 'e doar jouns foar't se op bêd geane en de oare moarns is de ponge wer fol jild.
Piters Willemke hie ek jild fan 'e duvel seinen se. Dy krige dat ek sa.
Frijmitselers timmerje altyd. Hjir wenne in winkelman Ritske Bottinga, dy wie ek frijmitseler. Dy timmere ek altyd. It hûs rekke noait klear. Dy hie ek noait forlet fan jild.