Dataset extent
nl.verhalenbank.38523
Ien fan 'e sawn dochters út in gesin is in nachtmerje. De nachtmerje komt troch 't kaeisgat yn 'e huzen. Hja komt yn 'e nacht by de minsken en klimt by har op. Hja bigjint by de fuotten en komt op 't lêst by de hals. Men heart har faek wol oankommen.
Set men de toffels mei de hakken tsjin 't bêdsket oan, dan komt se net by jin, wol men ha. Moal struije op 't gesicht helpt ek.