Dataset extent
nl.verhalenbank.37928
Heit hie in stik heide kocht, dat wie by de Skieding. Dat hie er mei twa oaren kocht. Der sieten seadden op en mei har trijen wienen se dêr oan 't baggerjen.
Us mem en de beide froulju fan 'e oare manlju gongen dêr dan mei har trijen hinne, elk achter in kroade, om turf op to heljen. Dat wie in hiel ein fan hûs en sy namen de bern mei.
Dan moesten se by Rikele Myt oer 't hiem. Rikele Myt wie in tsjoenster, dy koe fleane, seinen se. En hja foroare har samar yn in kat, in grouwe, swarte kat.
As mem en dy dêr oan ta wienen lieten se de kroade even rêste en fregen Myt: "Hast ek hwat wetter foar ús?"
Mar wy moesten by de kroaden bliuwe en net heal nei 't minske ta gean, sa bang wienen se dat se ús bitsjoene soe. Wy wienen as bern deabinaud foar har hwant hja seach der ôfgryslike raer út. It wie sa'n raer gesicht, dat se hie!
Nachts wie 't faek in kat. Hja hat wol bern bitsjoend.
Der wie in keardel, dy hie altyd lêst fan in dikke, swarte kat. Dy keardel wenne flak by har en hy hie wol yn 'e rekken dat it Myt wie. Mar hy koe dy kat noait krije. Op in joun kom er thús, doe woarde er samar mei in grjippe stutsen, sûnder dat er sjen koe hwa't it die. Syn gesicht wie raer tatakele.
Doe kom Myt in pear dagen net foar 't ljocht. Der kom in dochter by har op bisite.
Dy keardel wie yn in pear dagen wer better, mar doe't Myt in dei of hwat letter bûten kom om har dochter út to litten hie Myt krekt deselde wounen oan 'e holle as dy keardel. Doe't se har fregen: Hwat skeelt jo? sei se: Ik bin fallen. Doe biseagen se har gesicht en seinen: Jo ha deselde wounen as dy man.
Hja hie se krekt deselde joun krigen. Hja hie de man mei de grjippe reitsje sild, mar rekke by ûngelok harsels yn 't tsjuster en doe rekke se de man.
De man wie werom kom fan 't murdejeijen doe't er sa troch Myt tatakele waerd.