Dataset extent
nl.verhalenbank.37784
Op it tsjerkhôf to Boelensloane hâldden altyd gâns wylde kninen ta. Myn heit gong dêr faek hinne to kninefangen. Dat die er dan mei strikken. Myn broer Miente naem er faek mei. Dat wie doe in lytse jonge.
't Wie op in winterjoun by ljochtmoanne waer. Der lei snie. Heit en Miente wienen op 't tsjerkhôf.
Doe kom krekt Germ Tuinstra (Germ Smous waerd er neamd) mei syn jonkje de wei del. Germ Smous wie altyd samar bang.
"Sjoch heit, dêr is hwat", sei it jonkje.
Heit en Miente wienen tsjin 'e muorre fan 't tsjerkhôf stean gong, hwant heit tochte, as se ús hjir sa let by joun op 't tsjerkhôf sjogge, wurde se ek noch bang.
De skaden fan heit en Miente wienen lang en trochdat Miente him hwat biweegde, biweegde dat skaed op 't tsjerkhôf èk.
Germ sei tsjin syn jonge: "Rint it of sweeft it?"
"It sweeft, heit", sei de jonge.
"Set dan sok", sei Germ. En dêr bigounen se to rinnen om 't leven.
(Dit forhael wurdt rounom forteld oant yn 'e fiere omkriten; ek to Harkema.)