Dataset extent
nl.verhalenbank.37706
"Ek in kear," sa fortelde Boardzer Bruining my, "doe wie 'k allinne thús. Ik siet yn 'e hûs. Doe waerd der op 'e doar kloppe." Ik sei: "Kom der mar yn." Doe kom der in man yn, dy gong njonken my sitten. Hy sei tsjin my: "Nou matte jo it tou krije en dan matte jo jo ophingje."
"Och, ik ha gjin tou", sei Boardzer. "Ik wol noch sa graech hwat leve."
"Wolle jo dan sa graech âld wurde?" frege de man.
"Ja, graech", sei Boardzer.
"En hoe âld wolle jo dan wurde?" frege de man.
"Dat lit ik oan jo oer", sei Boardzer.
"Nou, dan wurde jo 113 jier", sei de man.
"Leaust dêr oan?" sei ik tsjin Boardzer.
"Ja," sei Boardzer, "dêr leau ik oan. Ik wurd 113 jier."
(Mar hy is 86 woarn.)