Dataset extent
nl.verhalenbank.36266
Yn Twizelerheide wenne in âld man dy bitsjoende it fé. Ik wie ris by Hindrik Veenstra útfanhûs. Hindrik-om wie der op út. Aeltsjemuoi en de soan Piter wienen thús. Doe sei Piter: "Der komt in âld man hjirhinne."
Aeltsjemuoi seach. Doe sei se: "Piter, doch gau it slot op 'e doar fan 't hok." Dêr siet it fé yn.
De âld man sei: "Is Hindrik ek thús? 'k Wol 't fé even sjen." Hy is der net, sei Aeltsjemuoi.
"Dan gean 'k der allinne hinne", sei er. Mar hy koe net yn it hok komme. Dy man bitsjoende it fé. Dêr moest men altyd foar oppasse, sei Aeltsjemuoi.