Dataset extent
nl.verhalenbank.36246
Yn Drachten wenne Jehannes v.d. Kuip. Dy koe goed mei de gewichten omgean. In gewicht koe net sa swier wêze of hy tilde it op.
Dokter Bleeker wie dêr húsdokter. Dy seach krekt dat Jehannes in swier gewicht optilde.
"Dokter is èk sterk. Kinne jo dat?" frege er.
"Daar ben ik niet voor gebouwd", sei dokter, mar hy krige in swier gewicht op 'e pink en hâldde dat tsjin 'e muorre oan.