Dataset extent
nl.verhalenbank.34580
As der ien yn 'e Harkema bitsjoend wie froeger, gongen se wol gauris nei Hinse Jehannes de Boer fan it Swartfean. Dat wie in duvelbander en in raren ien.
Op in kear, doe wienen der wer guon bitsjoend. Doe stjûrden se in neef fan ús nei Hinse ta om drankjes. Dy neef sutele altyd mei pikelhearrings. In dikke gongelstok hie er by him. 't Wie yn 'e winter en 't wie sterk iis. Dat ús neef boun de redens ûnder en sa ried er oer de Wide Pet en sa fierder nei 't Swartfean ta. Sa kom er by Hinse.
Hinse wie in wreedaerd.
"'k Wist wol datstû komme soeste", sei er.
Hy joech in pear drankjes mei. "Wês foarsichtich," sei er, "hwant dû silst ûnderweis in moeting ha. Guon ha 't op dizze drankjes bigrepen."
Hinse joech him de drankjes mei en sa sette ús neef oer iis op hûs ta. De drankjes hied er yn 'e bûs. De gongelstok hie er ûnder 'e earm. Sa kom er wer op 'e Wide Pet.
Doe't er midden op 'e Wide Pet wie, wie der earst ien kat ta 't iis út kom. Even letter hienen der in hiele keppel west. Dy wienen mar om him hinne sprong en by him op sprong. Hy hie mei syn dikke stok om him hinne slein mar hy hie ûnmooglik ien reitsje kind. Op 't lêst wienen de katten fuort west.
Hy kom mei de drankjes hiel yn 'e Harkema oan.