Dataset extent
nl.verhalenbank.34525
Hearke wie arbeider by Bindert Japiks op 't Bomkleaster.
Dêr wienen se oan 't dongladen. Hearke en nòch ien. Doe hienen se in hiel dik foer op 'e wein. De twa hynders, dy't foar de wein spand wienen, koenen de dong net út it skerngat weiskuorre, de wein wie to swier laden.
Doe sei Hearke: "De hynders matte der mar even foar wei."
Dat wie gebeurd en doe hie Hearke de greate hannen om 't tiksel slein en hy hie 't foer der allinne útskuord.