Dataset extent
nl.verhalenbank.34520
Hjir op 'e buert hat in man wenne, dy wie mei de helm geboaren. Dy moest altyd bigraffenissen fan tofoaren sjen. Dat gebeurde faek by nacht. Hy hat it wol forteld. Dan lei er op bêd, dan woe er wol lizzen bliuwe, mar dat wie in ûnmooglike saek.'t Wie in geheime driuw. Hy mòest der út en sjen. Hie er 't sjoen dan koe er wer nei hûs ta gean.
Hy wist altyd wol hwa't der stjerre soenen, mar dêr woed er net oer prate.