Dataset extent
nl.verhalenbank.16940
Hjir achter is us in stjelpke opbrând, dêr wenne âlde Tsjerk Witteveen yn. Us hûs stie der njonken.
Ik hie nei myn broer ta west en kom de jouns om alve ûre hinne dêr wei. Doe seach ik fan fierrens al dat stjelpke yn 'e brân stean. Ik roan ta om der mar sa gau mooglik to wêzen. Mar doe't ik der njonken wie, wie 't út. It brânde hielendal net.
Trije wiken letter wie 'k op Readskuorre. Doe seinen se dêr tsjin my: "Jimme hûs stiet yn 'e brân."
Mar ik sei: "Né, dat is ús hûs net, dat is âlde Tsjerk sines. Doe't ik de jouns thúskom, flikkere it hûs fan Tsjerk krekt sa as ik it foar trije wiken brânnen sjoen hie. Mar nou brânde it ècht op.