Dataset extent
nl.verhalenbank.10679
Us heit is ris op in nacht de Lytse Wei lâns kom (tusken Harkema en Droegeham) mei trije skiep, dy't er nei Koatstertille bringe soe. Dat wie midden yn 'e nacht, hwant de Tilster boat farde om twa ûre al fuort nei Ljouwert ta. Doe't er oan 'e hoeke ta wie fan 'e Lytse Wei, dêr't nou de fytsmakker Pier Haga wennet, fornaem er hwat. Hwatte, dat wist er net, mar it doogde net. De skiep waerden ûnrêstich. Dat waerd aloan slimmer, mei't heit fierder kaem. Heit waerd binaud. Hy fielde, dat der hwat wie, sûnder dat er it seach. Doe't er oan 't tsjerkhôf fan Droegeham ta wie, fleagen de skiep him by de nekke op. Sa bang wienen se.
Hwat it west hat, hat er noait witten. (Us heit wie Wytse de Haan.)