Dataset extent
nl.verhalenbank.10675
Ik haw hjir in ein fierderop wenne yn in hûs, doe wie 'k izerkooopman. 2 jier ha 'k dêr tahâlden. Mar wy woenen dêr graech wei. 't Wie dêr net út to hâlden.
As wy jouns healweitsienen op bêd leinen, dan gong 't der njonken ús alderheislikst oan wei. 't Wie krekt as smieten se mei grouwe bolstiennen. Altyd wie dat leven dêr, en der wie noait hwat to sjen.
Letter is dêr in nij spul delset. It hat foartsjirmerij west.